Waarpraatsje: Kâns op in bui

augustus 4, 2019 19:37

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in kreas, rêstich en noflik simmerwykein. Moandei is der kâns op in bui.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei rekket de loft berûn en in bytsje rein is net hielendal útsletten. By in swakke eastewyn wurdt it 15 graden.

Moandei wikselje (wat) sinne en bewolking inoar ôf en der kinne inkelde buien falle. De wyn giet nei it westen oant súdwesten en is swak oant matich. Mei in temperatuer om de 24 graden hinne is it waarm. By de kust lâns leit de temperatuer wat leger.

Nei moandei bliuwt it wat ritich, mar wol mei in noflike temperatuer.

Jan Brinksma

augustus 4, 2019 19:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.