Waarpraatsje: Hieltyd waarmer
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in kreaze tiisdei mei noch wol in inkelde (flinke) bui sjocht it der foar de oare dagen fan dizze wike goed út.
Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is it helder. Der kin op guon plakken damp ûntstean. By in swakke súdwestewyn leit de temperatuer tusken de 8 en 12 graden.
Woansdei skynt de sinne in grut part fan ‘e dei. De wyn komt út rjochtingen tusken it suden en it westen en is swak, by de kust lâns matich. De temperatuer leit om de 21 graden hinne.
Letter yn ‘e wike wurdt it simmersk waarm.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje