Waarpraatsje: Freed buien, yn it wykein better

augustus 1, 2019 19:09

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Der foelen woansdei en tongersdei flinke buien yn Fryslan. It minne waar hie woansdei ek gefolgen foar de PC yn Frentsjer en it Skûtsjesilen by Terherne. Freed falle der ek buien, mar yn it wykein knapt it waar wer op.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed wikselje wat opklearringen en bewolking inoar ôf. Op guon plakken kin in bui falle, miskien wol mei tonger. De wyn is swak oant matich en komt út rjochtingen tusken it suden en westen. By de kust lâns stiet wat mear wyn. It wurdt 14 graden.

Freed skynt de sinne sa út en troch, mar der is ek bewolking en geandewei de dei falle der flinke buien. De wyn is swak oant matich en komt earst út ferskate rjochtingen en letter út it noardeasten. It wurdt goed 20 graden.

Yn it wykein bliuwt it, sa goed as, drûch en wikselje sinne en bewolking inoar ôf. Der is net al te folle wyn en mei in temperatuer om de 20 graden hinne, is it noflik en kreas simmerwaar.

Jan Brinksma

augustus 1, 2019 19:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.