Waarpraatsje: Freed buien, sneon rûch
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie tongersdei op ’e nij in kreaze dei, mar der stie wol in flink stik wyn. Freed wurdt it ritich en sneon sil der in soad wyn stean.
Yn ’e nacht fan tongersdei op freed rekket de loft stadichoan foar it grutste part berûn. De wyn giet nei it easten en is swak, by de kust lâns matich. De temperatuer leit om de 14 graden hinne.
Freed is de loft berûn en it soe sa út en troch wat reine kinne. Yn de middei falle der inkelde flinke (tonger)buien. Letter binne der ek wat opklearringen. De easte- oant súdeastewyn wurdt matich, by de kust lâns frij krêftich. Mei in graad as 24 is it noch oan de waarme kant.
Sneon wurdt in rûge dei mei in soad wyn, mar snein is it wer wat rêstiger. Mei goed 20 graden is it noch hieltyd noflik.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje