Wa kin in boekje oer ûnderwiis yn in lytse taal skriuwe?

augustus 13, 2019 22:22

In pear regional dossiers (foto: Fryske Akademy)

Wa kin in boekje skriuwe oer it Baskysk op skoalle yn Baskelân of oer it Dútsk op skoallen yn East-België? Sa’n ien soe de Fryske Akademy tige helpe en der ek wat mei fertsjinje.

Mercator Education, it ynstitút fan de Fryske Akademy dat ûndersyk docht nei it ûnderwiis yn lytse talen yn Europa en dêr ynformaasje oer jout, jout de saneamde regional dossiers út. Dat binne Ingelsktalige boekjes dêr’t hiel krekt yn beskreaun stiet wat der dien wurdt mei in beskate minderheidstaal op skoallen yn in beskaat gebiet. De boekjes wurde om de pear jier bywurke.

De meiwurkers fan Mercator Education hawwe sels in grut netwurk, mar foar in stikmannich lytse talen sykje hja dochs lju dy’t dêr safolle doel oer hawwe dat se der sa’n regional dossier oer skriuwe kinne. It giet om de neikommende talen:

– it Kroätysk yn Eastenryk
– it Dútsk yn de Frânske Elzas
– it Kasjoebysk yn Poalen
– it Litousk yn Poalen
– it Poalsk yn Litouwen
– it Oekraynsk yn Poalen
– it Ruteensk yn Poalen
– it Dútsk yn East-België
– it Samy yn Sweden
– it Slowaaksk yn it Ongerslân
– it Baskysk yn Frânsk Baskelân
– it Papiamintsk op ‘e Nederlânske BES-eilannen

Dy’t tinkt dat er sels sa’n boekje skriuwe kin of dy’t ien ken dy’t dat kin, dy kin kontakt opnimme mei de meiwurkers fan Mercator Education op it adres mercator@fryske-akademy.nl.

augustus 13, 2019 22:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.