Utstapkes binne gâns djoerder wurden

augustus 7, 2019 10:08

Wa’t fan ’t simmer nei in museum of bistetún giet, moat gâns mear betelje as fiif jier lyn. Sûnt july 2014 binne de tagongsprizen mei yn trochsneed santjin persint omheech gien. Yn dyselde perioade wie de trochsneed priisstiging yn Nederlân sa’n sân persint.

Foto: pixabay.com

Dat docht bliken út nije sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS). De tagongsprizen foar bygelyks bioskopen, teaters en konserten waarden ek boppegemiddeld heger, mei tsien oant fjirtjin persint.

By in dei út hearre ek saken as iten en drinken, parkearjen en (iepenbier) ferfier. Dêr hat it CBS ek nei sjoen. Opfallend is dat de parkeartariven sûnt 2014 mei sechtsjin persint omheech giene. Foar flaubiten moat de besiker of toerist ek de ponge lûke, mei in priisstiging fan fyftjin persint. Brânje waard wol goedkeaper: de priis fan benzine sakke mei fjouwer persint, fan disel mei fiif persint.

De trochsneed priisferheging hat te krijen mei de btw-ferheging, mar ek mei ynvestearrings yn nije, gruttere ferbliuwen foar de bisten. Ferduorsuming draacht ek by oan de hegere priis. Bistetunen binne mei sinnepanielen en oare nije techniken dwaande. Boppedat is de subsydzjekraan yn in protte gemeenten tichtdraaid.

Foto: pixabay.com

Troch aksjes by in winkel of de Postkoadelotterij kinne minsken koarting op de tagongspriis krije. En der binne ek priisferskillen tusken wurk- en wykeindagen. Dat soarget foar sprieding fan de besikersoantallen en dat hawwe bistetunen graach.

It Konsumintebûn kriget nei eigen sizzen gjin klachten oer de hegere prizen fan musea en bistetunen. “As minsken ree binne om dy te beteljen, is it gewoan in kwestje fan merkwurking. It is boppedat gjin primêr libbensferlet”, seit in wurdfierder. It bûn kin him boppedat foarstelle dat bistetunen en musea ek mei tanimmende kosten te krijen hawwe.

augustus 7, 2019 10:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.