Untwikkeling op de grûnmerk tema Agraryske Skou

augustus 12, 2019 07:54

Op 25 septimber wurdt de iepeningjûn holden fan de Agraryske Skou. It tema fan 67e edysje is Grûnmerkûntwikkeling. De sprekkers sille yngean op fragen as ‘Wat is myn grûn yn 2030 wurdich?’ en ‘Kin de jonge boer dat noch finansierje?’

foto’s: Agraryske Skou

Under lieding fan de jûnfoarsitter Sjoerd Hofstee, eigener fan en sjoernalist by parseburo Langs de Melkweg wurdt oer grûn praat. Grûn is út te drukken yn hektaren en euro’s en fan belang foar melkfeehâlders yn ferbân mei de regeling grûndferbûnens. De fraach dêr’t it úteinliken om draait is hoefolle de grûn yn 2030 wurdich is.

Ricks Hoksbergen, wurksum by Alfa Accountants en Adviseur, mar ek relaasjemanager Agro en fêste begelieder fan de European Dairy Farmers (EDF), sil de oanwêzigen foarljochtsje oer de ûntwikkeling yn de grûnprizemerk yn Noard-Nederlân.

Albert van Burgsteden, ûnôfhinklik taksateur en prosesbegelieder gebietsûntwikkeling giet yn op it ûnderwerp: mei grûnruil in sukses meitsje fan bioferskaat. Hy wie as kavelruilkoördinator belutsen by it projekt Sintrale As. Hy hâldt him ek dwaande mei de ekologyske haadstruktuer, ruilferkavelingen en bioferskaat mei grûnruil.

De iepeningsjûn wurdt holden yn Partysintrum ’t Haske op ’e Jouwer en begjint om 20.00 oere.
De Agraryske Skou is op tongersdei 26 septimber fan 08.30 oant 17.00 oere om Park Hearemastate op ’e Jouwer hinne. Dêr kinne de besikers yn ’e kunde komme mei de nijste techniken foar it melken, agraryske robotten en oare útfynsten foar de lânbou. Mear ynformaasje stiet op www.agrarischeschouw.nl.

augustus 12, 2019 07:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.