Unike 3D-printe sloep fan brûkte keunststof

augustus 9, 2019 12:59

By gelegenheid fan de 84e Snitswike is der sneon 10 augustus in wrâldprimeur. Dan sil in SLO3P, in elektryske sloep dy’t mei in 3D-printer makke is fan alris brûkte keunststof út Fryslân doopt wurde. Nea earder waard sa’n grutte sloep fan brûkte keunststof makke. De betinker fan dy duorsume sloep is 10XL, in startersbedriuw dat him talein hat op it 3D-printsjen yn grut formaat.

De grûnstoffen fan Fryske boaiem waarden ynsammele troch Omrin en ferwurke troch Morssinkhof fan It Hearrenfean, fertelt Gerbert Smits, oprjochter en direkteur fan 10XL. De SLO3P is seis meter lang, út ien stik printe en wurdt elektrysk oandreaun troch in ynstallaaasje dy’t troch De Stille Boot út Heech levere is. It unike is dat der foar 100% omrinmaterialen brûkt binne. Dat kaam yn de skipsbou noch net foar.

Foto © 10XL

Duorsume ûntwikkelingen yn Fryslân
Mei de presintaasje fan de SLO3P yn Snits nimt 10XL in foarskot op de takomstige produksjelokaasje yn Fryslân. Gerbert Smits: “Yn de Snitswike wolle wy elkenien in kâns jaan om op de unike sloep mei te farren. Foar de searjeproduksje fan de SLO3P sykje wy om útwreiding. Dat dogge wy yn Fryslân, ek al omdat it Nasjonaal Testsintrum Sirkulêr Plestik (NTCP) op It Hearrenfean komt. Kennis is ûnmisber. Wy wolle alles witte oer it ûntstean, it brûken en it werbrûken fan plestik foar skipsbou. Dêr moat men foar yn Fryslân wêze. Dêr is in breed netwurk fan leveransiers, kennissintra, designers en skipsarsjitekten dêr’t wy by oanheakje kinne.”

Provinsje Fryslân, gemeente Súdwest-Fryslân en ôffalbedriuw Omrin binne wakker te sprekken oer it inisjatyf fan 10XL. “Fryslân giet foar sirkulêr”, neffens deputearre De Rouwe, “foar in takomst sûnder ôffal en hat as ambysje om yn 2025 yn de top-3 fan sirkulêre regio’s te stean. As oerheid kinne wy dat net allinne, dat dogge we mei ûndernimmers en it ûnderwiis. Dizze sloep is in moai foarbyld dêr’t ôffal gjin ôffal is, mar krekt in grûnstof.”

“Dat in bedriuw út Dordrecht hjir krekt in ynnovatyf produkt lansearet lit sjen hoe’t de Snitswike bekend stiet”, seit Erik Faber, wethâlder duorsumheid yn Súdwest-Fryslân. “Snits, Snitswike en wettersport binne in trije-ienheid.” Hy wiist derop dat de maritime sektor yn syn gemeente him al folop ynset foar ynnovaasje en duorsumheid. “Dan is it goed om te sjen dat 10XL in partner fûn hat yn de firma De Stille Boot yn Heech foar it leverjen fan de elektryske oandriuwing fan de SLO3P.”

“Omrin as spesjalist ôffal en grûnstoffen stribbet nei in sirkulêre ekonomy”, fertelt algemien direkteur John Vernooij fan Omrin. “Dêrom dogge wy hjir graach oan mei. Wy sammelje it ôffal fan eveneminten en húshâldingen yn de regio mei fossyl reau dat op griengas rydt, dat wer út ôffal komt. Dêr wurde dan wer brûkbere grûnstoffen ú helle, lykas it keunststof dat wy neiskiftsje út it restôffal. Dêr kinne wer moaie nije produkten fan makke wurden, lykas dizze sloep. Op dy wize ferduorsumje wy eveneminten, lykas de Snitswike, en ferwurkje we it húshâldlik ôffal ek duorsum. Mei-inoar soargje wy foar in moaie en skjinne wrâld!”

10XL
10XL is yn 2016 begûn om him te spesjalisearjen yn grutte objekten yn it PortXL-akseleratorprogramma. Yn 2017 ward yn Capelle a/d IJssel begûn mei it bouwen fan in earste 3Dprintmasine. Yn 2018 is 10XL ferhuze nei de Duorsumheidsfabryk yn Dordrecht, dêr’t no trije 3D-printers oan it wurk binne om alderhande produkten te meitsjen. Eftergrûnyformaasje is op www.10-xl.nl te finen.

augustus 9, 2019 12:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.