Underwetterûndersyk fan skipswrak by Starum

augustus 19, 2019 10:20

Op de Iselmar by Starum docht de Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed fan moandei 19 augustus ôf ûnderwetterûndersyk by it wrak fan de Stavoren 18. It ûndersyk, dat in stikmannich kilometers út de kust dien wurdt, duorret tsien dagen.

Foto: pixabay.com

Sonar
Frijwilligers fan de Lanlike Wurkgroep Archeology Under Wetter (LSWAOW) dogge al sûnt 1999 ûndersyk foar de kust fan Starum. Mei tanksij opnames mei sonarapparatuer fûnen se restanten fan in middelgrut houten skipswrak.

Tinnen leppel
Sûnt dûkten frijwilligers geregeld op it plak, dêr’t ferskate fynsten by dien waarden, lykas in tinnen leppel út 1751. “Op grûn dêrfan tinke wy dat it skip út de achttjinde iuw komt”, seit archeolooch Yvonne Boonstra fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

Nei alle gedachten is fan de skipskonstruksje net folle bewarre bleaun. Boonstra: “Om te ûndersykjen oft de datearring doocht, en om fêst te stellen wat der noch fan it wrak oer is, wurdt no troch de Rykstsjinst dûkt.”

‘Fieldschool’
Wat it ûndersyk bysûnder makket, is dat der in saneamde ‘fieldschool’ oan keppele is. De Rykstsjinst wol jonge ûnderwetterarcheologen de kâns biede om te oefenjen yn frij ûndjip wetter mei relatyf net folle streaming. “Fanwege de strange regeljouwing foar dûken op wrakken is dit in unike kâns om ûnderfining op te dwaan”, seit Boonstra.

It wrak sil net licht wurde, mar ûnder wetter fierder yn kaart brocht wurde. As út it ûndersyk bliken docht dat beskerming fan it wrak nedich is, bygelyks tsjin streaming, dan sil it fynplak (foar in part) ôfdutsen wurde mei stegergaas en grûn.

augustus 19, 2019 10:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.