Ulbe Zwaga wint tongersdei op Tsjûkemar

augustus 15, 2019 21:07

Foto: Omrop Fryslân

It skûtsje Waaksdom fan skipper Ulbe Zwaga hat tongersdeitemiddei de wedstriid fan de IFKS by Ychtenbrêge op syn namme skreaun. Op de Tsjûkemar wie Zwaga woansdei yn de ynhelwedstriid ek al de bêste; op dizze tongersdei pakte de skipper fan De Jouwer noch in oerwinning.

Skipper Floriaan Zwart fan it Snitser skûtsje Ut en Thûs einige op flinke ôfstân as twadde by Ychtenbrêge. ‘t Swarte Wief fan Jaap Hofstee kaam as tredde oer de finish op de Tsjûkemar.

Skipper Ulbe Zwaga wie woansdei noch nochter oer syn oerwinning. In dei letter is hy út de skroeven. “As je twa kear earste wurde, nei sa’n wike, dat is moai”, sa seit er.

“Wy rinne hurd. Oft it no lichter waar is, of mei mear wyn: beide kearen kinne wy it dwaan. It wie no hielendal geweldich, wy hiene alles yn ‘e macht.”

De wedstriid op it wetter fan de Tsjûkemar stie yn it teken fan ferskate oanfarrings. Under mear de Emanuel, fan skipper Merijn Olsthoorn, kaam yn botsing mei Ut ‘e Striid fan Gerrit Huisman. It gie ek hast mis troch in linke aksje fan Klaas Kuperus (Makkum). Hy gie te let troch de wyn en kaam hast yn botsing mei Ulbe Zwaga (De Jouwer).

Boarne: Omrop Fryslân

augustus 15, 2019 21:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.