Twadde kommersjeel oanlisplak by ISS

augustus 22, 2019 08:59

Astronauten Andrew Morgan en Nick Hague hawwe in twadde kommersjeel oanlisplak foar romtekapsules yn it ynternasjonaal romtestasjon ISS yn oarder makke. Mei in romtekuiertocht dy’t 6,5 oeren duorre, hawwe de astronauten de ferbouwing útfierd. Oan de twadde poarte kinne fan no ôf bemanne kapsules fan de Amerikaanske bedriuwen Space X en Boeing oanlizze.

It ISS (foto: Wikipedia/NASA)

Neffens NASA is dat in wichtige betingst foar it iepenstellen fan it romtestasjon foar kommersjele doelen, lykas romtetoerisme en yndustriële ynnovaasje en as tarieding op in nije moannelâning yn 2024.

Fan ’t maitiid is der foar it earst in kommersjele foarriedkapsule fan Space X oan it ISS keppele. Foar dy tiid wie it ISS ôfhinklik fan Russyske raketten foar befoarrieding. Boeing hat in testflecht mei in pop op it programma stean foar ein septimber of begjin oktober.

Op harren romtekuiertocht hawwe de astronauten ek in ekstra router ynstallearre foar it triedleaze ynternet fan romtestasjon ISS. It wie de fiifde romtekuiertocht yn 2019.

augustus 22, 2019 08:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.