Twa nije filmsearjes oer de tweintiger en tritiger jierren

augustus 13, 2019 20:23

Fragmint út ‘Welkom in de jaren 20 en 30’ (foto: Lisanne Boon)

De NTR hat twa filmsearjes produsearre oer it ynterbellum. Se binne tige ferskillend.

Een bezeten wereld: Nederland tussen de oorlogen is in seisdielige dokumintêre oer de grutte technyske en maatskiplike feroarings yn de tweintiger en tritiger jierren. De searje wurdt presintearre troch Hans Goedkoop. De earste útstjoering is op freed 30 augustus om 21.05 oere.

Welkom in de jaren 20 en 30 is in histoaryske komeedzje, makke troch Niek Barendsen. Yn de searje jouwe wichtige histoaryske figueren lykas keninginne Wilhelmina, minister-presidint Hendrik Colijn, wittenskipper Albert Einstein en diktators Adolf Hitler en Benito Mussolini in byld fan harren tiid.

augustus 13, 2019 20:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.