Twa drugsperselen yn Fryslân ticht

augustus 26, 2019 09:33

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert hat op freed 23 augustus in wente oan De Bird yn Ljouwert sletten op basis fan syn bestjoerlik foech op grûn fan de Opiumwet. Yn dy wente hat de plysje op 27 juny 2019 in himpkwekerij dy’t yn wurking wie oantroffen. Dêrby binne 245 himpplanten fûn.

It drugspân yn Jannum (foto: Gemeente Noardeast-Fryslân)

De yn de wente oantroffen hoemannichte softdrugs is yn striid mei de Opiumwet en dêrom hat de boargemaster it foech de wente te sluten. Boargemaster Crone jout oan dat sluting fan sokke wenten in goed foarbyld is fan de útfiering fan it hanthaveningsbelied. De yllegale hannel yn softdrugs hat in grut neidielich efefkt op de (ûnderfûne) feiligens. Dit is de fyftjinde wenning yn 2019 dy’t de boargemaster fan Ljouwert op grûn fan de Opiumwet sleat.

Boargemaster Apotheker slút loads yn Jannum
Boargemaster Hayo Apotheker fan de gemeente Noardeast-Fryslân hat freedtemiddei 23 augustus 2019 in loads oan de Jannumerwei yn Jannum sletten. Dat die er op grûn fan artikel 13b fan de Opiumwet. De sluting jildt foar in perioade fan seis moanne. Ein juny waard troch de plysje konstatearre dat de loads yn gebrûk west hat as produksjeplak foar it meitsjen fan amfetamine. It gebou is fersegele en der binne posters oanbrocht mei dêrop kundskip fan de sluting.

Tariedingshannelingen
Sûnt begjin dit jier kin in boargemaster in romte slute by saneamde tariedingshannelingen. Dat is bygelyks wannear’t yn wenten of (bedriuws-)gebouwen beskate foarwerpen of stoffen oanwêzich binne dêr’t dúdlik fan is dat se gaadlik binne foar de produksje fan harddrugs of foar grutskalige himptylt.

Fêstiging himpkwekerij of drugslab
De plysje sjocht hieltyd faker dat agrariërs troch kriminele organisaasjes frege wurde oft se harren (leechsteande) skuorren ferhiere wolle. Dy organisaasjes wolle dan in himpkwekerij of syntetysk drugslab yn de skuorre fêstigje. It kweken fan himp en de produksje fan syntetyske drugs binne yllegaal.

Oan de produksje fan drugs kleve grutte risiko’s foar tylder, laborant en de leefomjouwing. Himpkwekerijen en drugslabs kinne oeral ynrjochte wurde.

In drugspân is bygelyks werom te kennen oan
– stankoerlêst (sterke frjemde rook of in swiete gemyske of anyseftige rook);
– lûdsoerlêst (hieltyd in gûnzjend of brommend lûd);
– ekstra ûntluchtingspipen yn it tek;
– tichtmakke ruten;
– waarmteôfjefte fia muorren;
– bou- en sjouaktiviteiten op nuvere tiidstippen;
– in opfallend protte (bou)aktiviteiten by ferlitten gebouwen;
– oanwêzigens fan fetten en jerrycans;
– nuvere aktiviteiten yn ’e buert (ûnderbúkgefoel).

Wa’t tinkt dat der by him of har yn ’e buert in kwekerij of drugslab is, wurdt frege om fuortdaliks te skiljen mei de plysje (0900 – 8844) of mei Meld Misdie Anonym (0800 – 7000).

augustus 26, 2019 09:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.