Tsien jier wrâldnijs yn it Frysk

augustus 13, 2019 09:00

Skôging troch de oprjochter fan It Nijs, Jabik van der Bij

Tsien jier lyn sette de Ried fan de Fryske Beweging útein mei de digitale krante It Nijs. It bestjoer fan de Ried fûn (en fynt hjoed-de-dei noch) dat der te min mooglikheden binne foar de Friezen om skriftlik yn it Frysk mei-inoar te kommunisearjen oer deistige saken lykas it nijs. Deiblêden brûke foar it grutste part Hollânsk, útsein de sitaten fan Frysktaligen, mar artikels yn it Frysk moatte jo mei in lampke sykje. Hiel faak wurde sels ûnderwerpen dy’t oer it Frysk geane yn it Hollânsk skreaun. In Fryske krante wie der tsien jier lyn net. It iennige Fryske wykblêd (Frysk en Frij) wie der oan ’e ein fan de foarige iuw mei opholden, omdat se it finansjeel net folhâlde koene. It kromke subsydzje dat se krigen wie te folle foar it provinsjebestjoer dat wól in kroade mei jild oer hie foar de promoasje fan it Frysk. As soe Frysk en Frij dêr net ta bydrage. Wol waard it blêd De Moanne finansjeel rynsk stipe, dat foar in lytse wat elitêre rûnte ornearre is en faak ek noch foar de helte mei Hollânske stikken folle wurdt.

Doe’t Meindert Tjerkstra en ik dêr tsien jier lyn oer oan it harsenskrabjen wiene, kamen wy oan ’e ein ta de stelling: “alles dat yn it Hollânsk skreaun wurdt, kin ek yn it Frysk”. Wy tochten dat der wol ferlet wêze soe fan in eigen Frysktalich nijsblêd. Wy seagen wol yn dat in papieren krante der net ynsiet. In digitale krante moast neffens ús ta de mooglikheden hearre. Omrop Fryslân hie doe noch net alle dagen Fryske berjochten op syn nijsside stean. Hjoed-de-dei beheint de Omrop him foar it grutste part ta koarte berjochtsjes oer Fryslân en de eigen sprutsen kollums. It Nijs hat der fan it begjin ôf nei stribbe om dat breder te lûken: Europeesk nijs en wrâldnijs kin ek yn it Frysk brocht wurde. Dêrnjonken is der romte foar kollums en parseberjochten fan organisaasjes dy’t har aktiviteiten buorkundich meitsje wolle. Sjoch fierder it oersjoch fan It Nijs yn de ôfrûne tsien jier.

It wie yndertiid in weachstik om dat aventoer oan te gean. It meitsjen fan de ynternetside wie net it grutste probleem en brocht ek net de measte kosten mei, mar de ‘krante’ moast deistich folskreaun wurde troch frijwilligers, omdat der gjin jild wie foar betelle meiwurkers. Gelokkich wiene der tsien jier lyn foldwaande minsken dy’t de skouders derûnder sette woene. Nei in tal jierren die bliken dat it net hielendal sûnder betelle krêften koe. Der moat regelmaat yn sitte om it publyk fêst te hâlden. As der in pear kear net in nij artikel te finen is, dan heakket de besiker ôf en lit er de side links lizze. It oanlûken fan in pear fêste meiwurkers tsjin in (frijwilligers)fergoeding wie in dúdlike ferbettering, ek al gie it om tsienden fan in fte. Dat jildt ek foar it ynsetten fan in korrektor, dy’t it wurk om ’e nocht docht. Hoewol’t de taal safolle mooglik oanslute moat by it deistich taalgebrûk kin men net alles talitte.

Wy binne no tsien jier fierder en nettsjinsteande dat in hiele kliber bûtensteanders seine dat It Nijs it wol net lang úthâlde soe, ek al priizgen se it inisjatyf fan de Ried, It Nijs is der noch. Dochs hiene wy yn it ferline tidige op in grutter lêzerspublyk. Wy hiene in pear tûzen deis yn gedachten. Dat is (noch) net slagge. It is te maklik om de skuld dêrfan by oaren te lizzen. Sa fan: “dy sleauwe Friezen binne te beroerd om Frysk te lêzen” of “It Nijs kriget te min subsydzje fan de provinsje.”

Men kin jin ek ôffreegje oft It Nijs winliken wol de goede opset hat. Dat op It Nijs gjin saken hoege dy’t yn alle media al te sjen of te lêzen wiene, is dúdlik. It Nijs sil it ha moatte fan berjochten dy’t earne oars net te finen binne. De kollums kinne ek nije lêzers lûke, benammen as dy in stevige diskusje op gong bringe. Fansels sit nimmen te wachtsjen op anonime skelpartijen. Dêrfandinne kin It Nijs wol mear kollumnisten brûke út wat grutter ferskaat fan achtergrûn. De keunst sil wêze dat men op It Nijs unike en nijsgjirrige saken fynt dy’t nearne oars te finen binne. Koarte berjochten dogge it better as lange ferhalen.

In belangrike hendikep foar It Nijs bliuwt de lêsfeardigens yn it Frysk fan de Friezen. Ofsjoen fan it net ûnbelangrike part fan de befolking dat net of amper lêze kin, binne de measte Friezen net betûft yn it lêzen fan it Frysk. Hollânsk lêzen giet de measten makliker ôf as it Frysk, omdat se dat amper ûnder eagen krije. Sa rekket men yn in fisieuze sirkel: omdat men it net folle sjocht, went men der net oan en omdat men der net oan wend is, slacht men it Frysk safolle mooglik oer. It gefolch is dat It Nijs besjoen wurdt troch minsken dy’t dochs al faak Frysk lêze en wy woene krekt dy oare groep berikke. Wie dat nayf? Dat falt net te ûntkennen. Yn alle gefallen lit it sjen dat it net sûnder de skoalle kin as it om de keunst fan it lêzen giet. Foar de skoalle is it dan wol belangryk dat der ek foldwaande oanbod yn it Frysk is. It Nijs draacht dêr in stientsje oan by en moat dêrom trochgean en hieltyd nei wegen sykje om mear lêzers te lûken.

augustus 13, 2019 09:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Johannes Rozenga augustus 14, 13:37

    Lokwinske mei dizze 10 jier, dat der mar in soad folgje mei.

  2. Erwin2.0 augustus 14, 21:54

    Jawis! In lokwinsk wurdich!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.