The Elvis All-Star Tribute Special

augustus 2, 2019 10:33

Elvis Presley, ©NBC

Op sneon 10 augustus stjoert de NPO The Elvis All-Star Tribute út. It is in spektakulêre NBC-dokumintêre oer it ikoanysk telefyzjebarren yn 1968, dêr’t de legindaryske Elvis Presley mei weromkaam en wer boppe-oan op de hitlisten kaam te stean. It is in produksje fan Ken Ehrlich, ek bekend as produsint fan The Grammy Awards. Der dogge in protte ferneamde artysten yn mei lykas Ed Sheeran, Jennifer Lopez, Keith Urban, Shawn Mendes, Blake Shelton, Josh Groban, Carrie Underwood en noch folle mear. Sy bringe in hommaazje oan Elvis Presley troch in nije ferzje te bringen fan it spektakel fan dy ûnferjitlike jûn.

It fyftichjierrich jubileum fan dy sensasjonele jûn wurdt glâns jûn mei in stikmannich Elvis-hits: Heartbreak Hotel, Hound Dog, All Shook Up, Can’t Help Falling In Love, Jailhouse Rock, Don’t Be Cruel, Blue Suede Shoes, Love Me Tender, That’s All Right en noch mear. Njonken muziekoptredens binne der seldsume bylden fan Elvis en fragminten fan de oarspronklike special en ynterviews mei minsken dy’t oan de legindaryske jûn meiwurken.

Elkenien ken Elvis as de ‘King of Rock ‘n’ Roll’, mar it wie syn comeback-special yn 1968 dêr’t er syn hearskippij earst werklik mei fêstige. No, fyftich jier letter, is de Elvis All-Star Tribute in passend earbetoan oan de man, syn muzyk en de jûn dêr’t er syn kroan op weromeaske.

De útstjoering op 10 augustus 2019 begjint om 22.10 oere en is op NPO 3.

augustus 2, 2019 10:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.