Tekoart oan iten driget fan 2050 ôf troch klimaatferoaring

augustus 8, 2019 10:34

As it net slagget om de klimaatferoaring te beheinen, driget tusken 2050 en 2100 in tekoart oan iten. Dat is it boadskip út in rapport fan Feriene Naasjes-klimaatpanel IPCC, dat hjoed yn Genève presintearre wurdt.

Foto: NASA

Yn it rapport is de relaasje tusken klimaatferoaring, lângebrûk en wissichheid fan iten ûndersocht. Foar it earst hat it klimaatpanel ferskate dissiplines kombinearre. Woastinen wurde grutter en in protte lân rekket útput troch minsklik hanneljen. Sûnt 1961 is de grûn wrâldwiid alle jierren ien persint drûger wurden. Yn de ôfrûne sechtich jier is der fjirtich persint mear gebiet ferdrûge en it effekt op de lânbou en it bioferskaat rint op.

Om’t der ek grûn nedich is om CO2 op te fangen yn bosken en beplanting, ûntstiet der konkurrinsje mei lânbougrûn. Dat set de wissichheid fan genôch iten ûnder druk, seit it IPCC, foaral yn earmere gebieten yn Azië, Afrika en Súd-Amearika. Dêrom is effisjinte lânbou wichtich, krekt as it ferminderjen fan it gebrûk fan dierlike fetten.

Om klimaatferoaring tsjin te gean binne yngripende maatregels nedich, konkludearret it IPCC. In protte aksjes stean al beskreaun yn it Klimaatakkoart fan Parys fan 2015, lykas it ferminderjen fan it gebrûk fan fossile brânje en it weromkringen fan de houtkap. Ferline jier oktober warskôge it IPCC yn in rapport dat de opwaarming fan de ierde beheind bliuwe moat ta op syn meast 1,5 graad om it risiko op drûchte, oerstreamings, ekstreme hjitte en oare slimme gefolgen te beheinen.

augustus 8, 2019 10:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.