Teaterfoarstelling oer jonge mantelsoargers op It Hearrenfean

augustus 29, 2019 09:39

Op tiisdei 24 septimber 2019 spilet teatergroep Bint de dynamyske foarstelling What if… op it Nordwin Kolleezje op It Hearrenfean fan 15.45 oere ôf foar alle profesjonals yn it jeugddomein. What if… lit sjen hoe’t it wêze kin as in jong persoan al foar in groanysk siik famyljelid soarget. De foarstelling makket jongelju, âlden, dosinten en profesjonals bewust fan dilemma’s en noeden dêr’t jonge mantelsoargers mei te krijen hawwe. De foarstelling is makke op basis fan ûnderfiningsferhalen fan (jonge) mantelsoargers.

Foto: teatergroep Bint

Neipetear
Wat asto dy mem iten joust, yn stee fan oarsom? Wat asto nei skoalle net ôfprate kinst mei minsken fan deselde âldens, omdatst foar dyn sike bruorke soargje moatst? Wat dan? Nei ôfrin fan de foarstelling wikselet it publyk yn lytse groepkes mei-inoar ûnderfinings út. “De foarstelling makket écht dúdlik hoe’t it wêze kin om jonge mantelsoarger te wêzen. De jonge mantelsoargers seine: alles is werom te kennen. Ik soe wolle dat myn dosinten dit seagen…”, sei in besiker fan de foarstelling.

Jonge mantelsoargers
Ien op de fjouwer jonge minsken yn Nederlân is in jonge mantelsoarger. Bern en jongelju dy’t opgroeie mei soarch binne neffens harren leeftydsgenoaten earder selsstannich en leare al ier praktyske feardichheden. Dochs oerhearskje de negative gefolgen op koarte en langere termyn: hja hawwe mear opgroei- en opfiedproblemen, mear lichaamlike en emosjonele klachten en hja dogge op lettere âldens faker in berop op de (geastlike) sûnenssoarch.

Foto: teatergroep Bint

Mear omtinken
Om mear omtinken foar jonge mantelsoargers te freegjen, biede Caleidoscoop, gemeente It Hearrenfean en it Nordwin Kolleezje de foarstelling fergees oan foar alle profesjonals yn it ûnderwiis/jeugddomein yn de gemeente It Hearrenfean. Mei in koarte ynlieding troch in jonge mantelsoarger, in neipetear en waarm sop nei ôfrin.

Wat?         Teaterfoarstelling What if… fan teatergroep Bint
Wannear? Tiisdei 24 septimber 2019, 15.30 – 17.00 oere
Wêr?         Nordwin Kolleezje, Domela Nieuwenhuiswei 3

De tagong is fergees, mar oanmelde is ferplichte. Dat kin fia caleidoscoopheerenveen.nl/what-if of skilje mei Caleidoscoop fia 0513 – 629090.

augustus 29, 2019 09:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.