Taiske timpel wer te sjen fanwege drûchte

augustus 6, 2019 08:13

Ofbylding: pixabay.com

Yn Tailân is in âlde trekpleister opnij yn ’e belangstelling. De Wat Nong Bua Yai-timpel wie jierrenlang net te sjen mei’t it gebou ûnder wetter stie, mar is no fanwege de drûchte wer út it wetter opriisd. Tûzenen minsken hawwe de ôfrûne dagen de timpel besocht, ûnder oaren boeddhistyske muontsen dy’t blommen dellein ha.

De timpel rûn tweintich jier lyn ûnder wetter troch de bou fan in daam yn ’e buert. Troch de drûchte stiet noch mar trije persint fan it wetter yn it troch de daam kreëarre reservoir. Dêrtroch is no de hiele timpel te sjen. Om de timpel hinne stean de resten fan 700 huzen. Op de grûn lizze, neist stiennen en stikken fan it gebou, in protte deade fisken.

Eartiids wie de timpel it sintrum fan de stêd. Der waarden rituelen útfierd, feesten fierd en ek lessen jûn. By de timpel is ek noch in grut Boeddhabyld te sjen fan fjouwer meter heech. De holle is der lykwols ôf fallen.

augustus 6, 2019 08:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.