Sybren Singelsma: Oarloch fan de Blokken ferfangt mondiaal gearwurkjen

augustus 16, 2019 08:30

Skôging

Alle Trump-tweets oer de hannel mei Sina en Europa beynfloedzje de stimming op de finansjele merken. Dy suchtsje om in posityf sinjaal. Yn in globalisearre wrâld kostje hannelskonflikten in protte jild en op in stuit moat der dochs in oplossing komme. Want dat is foar elkenien it bêste, dochs?

Ja, neffens de teory wol. Neffens de teory laat konkurrinsje ta spesjalisaasje en ynnovaasje, mar ek ta keaten fan ôfhinklikheid. Essinsjele produkten komme net mear út eigen lân; wy binne ôfhinklik fan Sina foar in soad saken dy’t derta dogge. Dy ôfhinklikens is ek in kwetsberheid. Gjin wûnder dat politisy dy kwetsberheid weinimme of ynkaderje wolle. Alwer neffens de teory kin dat op twa wizen: oftewol gearwurkje mei partners en heldere ôfspraken meitsje, oftewol besykje om dy keaten fan ôfhinklikens te dominearjen en te kontrolearjen.

Yn Bretton Woods waard yn 1944 it fûnemint lein foar in multylaterale wrâldoarder dy’t stuolke op gearwurkjen mei de oprjochting fan it Ynternasjonale Monetêr Fûns (IMF), de Wrâldbank en úteinlik ek de Wrâldhannelsorganisaasje. Mei dominânsje fan nasjonalistyske, ymperialistyske en kommunistyske ideologyen hie de wrâldmienskip it nei WOII wol efkes hân. It Europeeske gear- en ienwurden is op itselde prinsipe grûnfêste en waard mei klam sjoen as in ‘regionaal’ ynfoljen fan dat wrâldwide stribjen nei frede en wolfeart troch gearwurkjen.

Mar sûnder de goede bedoelingen fan de Feriene Steaten yn twivel te lûken kinne we wol konstatearje dat mei it propagearjen fan gearwurking op mondiale skaal de FS in model foarstelden dat yn harren eigen lân sels goed wurke hie. It nei-oarlochske multylateraal systeem wie feitliken in eksportmodel fan harren eigen polityk systeem. Op in subtile wize wie it multylateraal gearwurkjen in uterjen fan Amerikaanske dominânsje, en feriene it de twa kontrôlemeganismen yn ien, teminsten foar de FS.

It systeem fan multylateraal gearwurkjen hat in wrâldwide ekonomyske ûntwikkeling mooglik makke dy’t wy kenne ûnder it begryp ‘globalisearring’. Dat sukses hat ek laat ta spanningen yn it systeem. De opkomst fan Sina, Yndia, Japan en oare Aziatyske lannen, mar ek fan de Europeeske Uny wie troch dit systeem mooglik. It gruttere politike gewicht dat ûntstien is makket dat de Feriene Steaten it systeem net mear sa dominearje kinne as foarhinne, en dêrtroch tsjinnet it net mear needsaaklikerwize de Amerikaanske belangen.

Wolfeart yn lannen dy’t har ûntwikkelje hat net automatysk ta mienskippen op liberale grûnslach laat. Net elkenien respektearret de spulregels, bygelyks op it mêd fan yntellektueel eigendom, klimaat en miljeu, sosjaal útrûpeljen, om it mar net iens te hawwen oer leauwe en it ûnderdrukken fan froulju en minderheden.

Wy meie Trump in sjarlatan fine, hy is wis wol sprekbuis fan it fan âlds oanwêzige isolasjonistyske Amearika dat om in oare wize fan dominearjen siket. Dy dominânsje is net mear basearre op gearwurkjen. Dy is basearre op in wrâldbyld fan wy earst en as it needsaaklik is tsjin de rest. Wa’t net mei ús is, is tsjin ús. Politike macht yn eigen lân is belangriker as mondiale hannelsmacht. De wrâldhannel sil him skikke moatte nei dat nije machtstinken. En ja, de wolfeart sil ôfnimme, mar Amearika kin dat hawwe. Belizzers sille dus spitigernôch om ’e nocht wachtsje op dy befrijende tweet dy’t it feest wer yn gong set.

It earste lân dat de nije realiteit fiele sil is it Feriene Keninkryk. As dat yndied op 31 oktober sûnder oerienkomst út de EU stapt, hat it in ûnderhannelingsposysje fan nul komma nul, mar sil it in hannelsoerienkomst met de FS nedich hawwe. Dat wurdt tekenje by it krúske, en alle Amerikaanske noarmen – koart gearfette ûnder de neamer ‘gloarhin’ – sille oernommen wurde moatte troch it FK. Dat wurdt yndied in ‘special relationship’, in fazalsteat yn it blok fan de FS.

De oerbliuwende EU sil him wapenje moatte tsjin dat bloktinken. Alle ôfsletten hannelsferdraggen mei Japan, Kanada en Mercosur hawwe fernimstige strategyske setten west om it multylateraal systeem te rêden. Lykwols mar foar in part, want yn de relaasje mei Sina en yn het Midden-Easten sil de FS it middel fan sanksjes en militêre presinsje brûke om de Europeeske gearwurkingsferbannen dwers te sitten. Frankryk en Dútslân binne har bewust fan it feit dat Europa in politike/militêre diminsje jaan moat oan de hannelsmacht, krekt om dy reden.

It liket yn it belang fan Nederlân om dat te stypjen, it Amerikaanske liederskip is ommers net mear fansels ek yn it Nederlânske belang. It weromlûken fan de Britten út de EU sil it makliker meitsje om dy diminsje te ûntwikkeljen. Yn dy sin is de stipe fan Trump oan de Breksit lichtwol dochs net sa tûk.

It liket derop dat de him ûntwikkeljende wrâldoarder fan de ‘blokken’ in bliuwer is. Dy oardering sil mear konflikten kenne as it bekende gearwurkingsmodel. Undernimmers en belizzers kinne dêr better mar oan wenne en nei hannelje, want dy tweet dat alles wer normaal wurdt, komt werklik wier net.

Drs. Sybren Singelsma is histoarikus. Hy hat wurke by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.
augustus 16, 2019 08:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.