Sweden: it lân dêr’t de Jiddyske taal opbloeit

augustus 14, 2019 20:45

Yn it ferline wie it Jiddysk in taal dy’t praat waard troch 12 miljoen minsken. Yn hiele buerten yn Antwerpen, Krakow en Odessa wie it hast it iennichste wat op strjitte te hearren wie: de tige op it Dútsk lykjende taal fan de Europeeske Joaden. Nei de holokaust en it útinoarfallen fan hiele mienskippen waard it Jiddysk hieltyd minder brûkt, mar tsjintwurdich mei der wol praat wurde fan in lytse renêssânse. Ien fan de plakken dêr’t it goed liket te gean, leit net sa bot foar de hân: Sweden. Foar in lân dêr’t mar sa’n 0,2% fan de ynwenners Joadsk is, produsearret Sweden in protte bernemedia yn it Jiddysk: boeken, films, animaasjerigen, muzykfideo’s, ensafuorthinne.

Sweden erkent sûnt 1999 fiif nasjonale minderheidstalen: it Finsk, de Samyske talen yn Laplân, it Romany, it Tornedelstersk en it Jiddysk. Om dy status te krijen moast sa’n taal ûnder mear al iuwen yn Sweden praat wurde. Dy eask foldocht it Jiddysk perfekt oan, mei’t yn de 18e iuw de earste offisjele Joadske mienskip yn Goteborg ûntstien is.

Mei troch dy offisjele erkenning koe it barre dat mear as ien lytse útjouwer him hielendal spesjalisearre hat yn Jiddyske bernemedia. Der komme in soad learboeken út, bygelyks in metoade om it Hebriuwske alfabet yn ‘e macht te krijen, mar ek oersettingen fan klassikers lykas De hobbit fan Tolkien. Grut foardiel is fansels ek dat Jiddyske media út Sweden wei oer de hiele wrâld distribuearre wurde kinne; fan Montreal oant Melbourne binne der bern dy’t yn it Jiddysk lêze.

augustus 14, 2019 20:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.