Súdwesthoeke soarget foar in spannende skûtsjefinale (fotoferslach)

augustus 10, 2019 07:44

By de earste, falske start hindere Snits Grou, dy’t it helmhout fan De Sneker Pan stikkenfear. Snits moast it fjild romje en de finale waard juster mei 13 skûtsjes syld.

It Hearrenfean komt as bêste út de start.

Lykwols komme Earnewâld (twadde fan rjochts) en De Heale Moanne as earste by de boppeste tonne oan, suver tagelyk mei Akkrum. Om’t Earnewâld gjin romte jout, botst De Heale Moanne derop.

Earnewâld leit foaroan en klassemintslieder Grou sit moai yn de foarein, foar syn konkurrinten It Hearrenfean en De Lemmer. Mar by de earste ûnderste tonne stekt Akkrum tusken Earnewâld en de Súdwesthoeke.

De Súdwesthoeke moat Akkrum romte jaan en nimt Grou in hiel ein mei, sadat dy ynienen frijwat efteroan yn it fjild bedarret.

Dêrtroch wurdt it foar de ferreinde taskôgers dochs in spannende wedstriid.

Want de top 3 fan it klassemint, Grou, It Hearrenfean en De Lemmer, sitte yn de middenmoat ynienen deun byinoar.

Efter Earnewâld bedriget Akkrum De Heale Moanne.

En mei sukses. Sadat Akkrum wint, om’t Earnewâld it protest fan De Heale Moanne ferliest.

It Fean en De Lemmer stride tsjininoar en besykje Grou sa fier mooglik efter harren te litten.

Dat slagget net, Grou (de middelste) skoot tusken It Fean en De Lemmer en yn dy folchoarder gean se oer de einstreek.

Sadwaande kin Kommissaris fan de Kening Arno Brok skipper Douwe Visser fan Grou lokwinskje.

En is Douwe Visser (yn ‘e midden) de grutske winnter fan it Sulveren Skûtsje (lofts de nûmer 2, de Feanster skipper Sytze Brouwer, rjochts de nummer 3, Albert Visser fan De Lemmer).

© Foto’s It Nijs

It Nijs hat dit jier ek fotorapportaazjes makke fan de SKS-wedstriden by Terherne en by Langwar.

augustus 10, 2019 07:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.