Gâns minder skuorreynbraken yn Fryslân

augustus 23, 2019 09:42

It oantal ynbraken yn Fryske skuorren, boksen en garaazjes is yn de earste helte fan dit jier mei 15,4% ôfnaam neffens deselde perioade ferline jier. Lanlik rûn it tal ynbraken yn bygebouwen minder foars werom, mei 4%. Dat docht bliken út nasjonale plysjedata dy’t Independer yn kaart brocht hat.

Bron:<ahref=” https://www.independer.nl/inboedelverzekering/intro.aspx”>Independer

Ynbraken yn bygebouwen
Yn hiel Nederlân waarden tusken jannewaris en juny 12.436 minsken slachtoffer fan ynbraak yn harren skuorke of garaazje(boks). Alle dagen binne dat yn trochsneed dus hast santich ynbraken. Hoewol’t lanlik it tal ynbraken ôfnimt, binne der fiif provinsjes dêr’t it slim tanimt: Seelân (27,1%), Grinslân (11,8%), Drinte (5,9%), Gelderlân (8%) en Noard-Brabân (6,4%).

Yn de oare provinsjes, Fryslân ek, is it tal ynbraken yn bygebouwen just minder wurden. Yn Flevolân mar leafst mei 37,6%.

Goed fearn fersekerders biedt beheind dekking
Independer ynventarisearre de dekking fan 55 ferskate ynboelfersekeringen. Dêr docht út bliken dat fyftjin fan dy fersekeringen in maksimaal fersekere bedrach hantearje foar dieverij út in bygebou. Mei bedraggen tusken de 250 en 10.000 euro binne de ûnderlinge ferskillen grut. Hast alle fersekerders hantearje wol de regel dat der inkeld dekking is as der sichtbere spoaren fan ynbraak binne. Binne dy der net en hat men bygelyks fergetten de skuorre op slot te dwaan? Dan sil in fersekerder net útbetelje.

“Minsken dy’t in protte fan wearde yn de skuorre stean ha, kinne it bêste kontrolearje oft harren fersekering in maksimaal fersekere bedrach hantearret en oft dat genôch is. As dat net it gefal is, kinne sy útwike nei in polis dy’t dat maksimale bedrach der net yn sitten hat”, seit Knopperts fan Independer.

Fryske skuorreynbraken de gemeente
Independer publisearre trije skuorreynbraakkaarten, dêr’t ek yn Fryslân de gemeente ynsichtlik makke is hoefolle’t der ynbrutsen wurdt yn bygebouwen.

augustus 23, 2019 09:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.