Steatejacht op Hurdsyldei Snitsermar

augustus 7, 2019 08:33

It jubilearjende Steatejacht Friso docht hjoed mei oan de Hurdsyldei fan de Snitswike op de Snitser Mar. Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok nimt twa kollega’s mei oan board: Boele Staal (earder kommissaris fan Utert en foarsitter fan de Keninklike Sylferiening Oostergoo yn Grou) en Jaap Smit (kommissaris fan Súd-Hollân). It is foar it earst sûnt sechstich jier dat it Steatejacht oan de Hurdsyldei meidocht.

It Steatejacht Friso (foto Provinsje Fryslân)

De Friso striidt yn de klasse rûne jachten (boeiers en tsjotters). It wedstriidfjild bestiet út sa’n fyftjin skippen. Staal en Smit, beide betûfte silers, dogge mei op útnûging fan Brok. Dat de Friso meidocht hat te krijen mei it jubileum fan it Steatejacht. It is fan ’t jier 65 jier lyn dat de Friso oerdroegen waard oan de Provinsje. It skip wie in geskink fan de Keninklike Sylferiening Oostergoo yn Grou en de middenstân, mei as doel dat it provinsjebestjoer de boeier brûke soe as lobbymiddel foar Fryslân en de Fryske ekonomy. It kolleezje fan Deputearre Steaten komt dat útgongspunt noch altyd nei.

Oant 1 septimber is der yn it Snitser Skipfeartmuseum in útstalling te sjen oer de skiednis fan it Steatejacht.

augustus 7, 2019 08:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.