Start BinckBank Tour 2019 op moandei 12 augustus

augustus 9, 2019 09:10 Fernijd

Moandei 12 augustus set de BinckBank Tour 2019 útein. De deis dêrfoar is yn Hulst de ploegepresintaasje fan de iennige meardeiske UCI World Tour-wedstriid yn de Lege Lannen.


Foar de fyftjinde jierdei fan de BinckBank Tour wurdt in sterk en wiidweidich dielnimmersfjild ferwolkomme. Sawol toppers fan de maitiid as smaakmakkers út de ôfrûne Tour de France stean op de startlist. Hja wurde op snein 11 augustus yn de foarjûn oan it publyk foarsteld op de Markt yn Hulst. De ploegepresintaasje ûnthjit in grut hurdfytsfeest te wurden.

It fariearre parkoers befettet ek dit jier alle eleminten dêr’t hurdfytslannen Nederlân en België om bekend stean: fan flakke etappe foar de sprinters, oer in tiidrit foar de echte hurdriders yn De Haach, oant flink klimwurk yn de Ardennen (mei in koarte, spektakulêre rit yn Houffalize) en de Muorre fan Geraardsbergen en oare bekende hellingen yn de Flaamske Ardennen op de slotdei.

Etappeskema BinckBank Tour 2019

  • Snein 11/8: Ploegepresintaasje yn Hulst
  • Moandei 12/8: Beveren – Hulst (167,2 km)
  • Tiisdei 13/8: Blankenberge – Ardooie (169,1 km)
  • Woansdei 14/8: Aalter – Aalter (166,6 km)
  • Tongersdei 15/8: Houffalize – Houffalize (96,2 km)
  • Freed 16/8: Riemst – Venray (191,4 km)
  • Sneon 17/8: De Haach – De Haach (yndividuele tiidrit – 8,3 km)
  • Snein 18/8: Sint-Pieters-Leeuw – Geraardsbergen (177,9 km)

Mear ynformaasje is te finen op binckbanktour.com en facebook.com/binckbanktour.

augustus 9, 2019 09:10 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. - augustus 11, 08:33

    hellingen – skeanten

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.