Spannende skûtsjestriid by Langwar (fotoferslach)

augustus 2, 2019 00:58

LANGWAR – In protte skippers wiene juster op de Langwarder Wielen te rimpen mei fangefolgen in algehiele falske start.

Mar rillegau setten de skûtsjes goed útein.

Krekt as woansdei eaze it sa út en troch, mar oars as doe wie it in spannende wedstriid mei algeduerigen wikselingen. Sa focht Drachten ynearsten yn de foarein mei it fûlbannige Akkrum (dat de moarns twa protesten ferlern hie en mei 28 strafpunten opskipe waard).

Mar nei in needsaaklik ekstra rûntsje om in tonne seagen de manmachtich opkommen Langwarders Drachten om it lêste plak striden mei harren eigen skûtsje (úteinlik om ‘e nocht).

En ferlear It Hearrenfean in tal plakken troch in misse slach.

Soks nei in fûleindige striid mei Snits om de fjirde posysje.

Undertusken ûntfytmanne De Lemmer Akkrum it twadde plak.

En besocht De Lemmer dêrnei wakker om koprinner Grou yn te heljen.

Op de lytse mar moeten skippen út de foarein (De Lemmer en Akkrum) de hikkesluter (Langwar).

Op it lêste stik nei de finish sieten de measte skûtsjes noch deun by elkoar; en dy soenen allegearre koart nei elkoar ôfsketten wurde.

Grou bleau lykwols foaroan. Skipper Douwe Visser helle sadwaande syn earste deiwinst fan it seizoen en ferstevige dêrmei syn posysje oan de kop fan it algemien klassemint.

© Foto’s It Nijs

augustus 2, 2019 00:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.