Spaanske bern feroarje yn wearwolven

augustus 30, 2019 21:46

Ien fan ‘e pasjintsjes (foto makke troch de âldelju)

Santjin Spaanske bern rekken hommels oanhelle mei it saneamde ‘wearwolfsyndroom’. Hja krigen oeral tsjok, ticht hier. De bern hienen de soad en de pillen wiene kocht om dêrmei te masterjen.

Ynstee fan ‘e magepil siet der yn ‘e ferpakking in sterk hiergroeimiddel, minoxidil. It wurdt altemets foarskreaun oan folwoeksenen dy’t der net oer kinne dat hja keal wurde. De fabrikant dy’t de flater makke hat, is ynearsten sletten en de middels binne út ‘e ferkeap helle.

Under de lijerkes binne meast lytse poppen. De âldelju hawwe der gâns noed mei hân. Dokters begriepen neat fan ‘e hommelse swiere wynbrauwen en hierrige earms fan ‘e lytskes. Hja tôgen gauris mei de bern fan ‘e iene nei de oare spesjalist.

De gefolgen binne aldergeloks net bliuwend. No’t de bern it middel net mear krije, begjint it hier wer út te fallen. It sil lykwols in moannemennich duorje ear’t hja der wer gewoan útsjogge.

augustus 30, 2019 21:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.