Sosjolooch neamt Songfestival bûten de Rânestêd bespotlik

augustus 16, 2019 15:10

As it net yn ‘e Rânestêd dien wurdt, hat it neat om ‘e hakken. Dat liket Mark van Ostaijen te sizzen. Van Ostaijen wurket as sosjolooch oan de universiteit fan Tilburch. Neffens him hie Amsterdam yn ‘e reden lein as plak fan it Eurovisie-songfestival. No’t Amsterdam it festival net organisearje wol, moat it mar yn Rotterdam, sa seit er. Bûten de Rânestêd is gjin opsje, is er fan betinken. Ljouwert woe it festival ek organisearje, mar foel ôf, om’t der gjin geskikt gebou is. Dat Maastricht gading makket oan ‘e organisaasje, neamt er “belachelijk”.

Van Ostaijen skriuwt yn de Volkskrant fan freed:

De “Randstedelijke bereikbaarheid” is mei al syn files net sa grut. By Maastricht leit in fleanfjild om ‘e hoeke. In protte Nederlânske én Belgyske én Dútske én Lúksemburchske stêden en doarpen profitearje mei, as de regio Maastricht baat hat by it sjongfestival yn Maastricht. Profesjonele ûnderfining is oeral. Ja, Duncan komt net út Maastricht, mar dy kin wol mei de auto oer filefrije diken nei Maastricht ta ride. En in ferboud Ahoy hat Maastricht net.

Rotterdam is in nije stêd, skriuwt Van Ostaijen, en Maastricht in âlde. Maastricht is ek lytser as Rotterdam. Wat dat mei it organisearje kinnen fan in talintejacht te krijen hat, is net dúdlik. Neffens him is de symbolyk it wichtichste. It liket derop dat dy symbolyk is dat de Rânestêd mear status hat as de rest fan Nederlân.

augustus 16, 2019 15:10
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Willem Smeets augustus 18, 02:49

    Friezen, gegroet!

    Zo ken ik er ook nog wel een paar. Amsterdam is de 41e stad van Europa, echt belachelijk dus om daar een songfestival te organiseren. Sterker nog, Nederland is het 12e land van Europa naar bevolkingsgrootte. Daar organiseer je toch geen songfestival.

    Deze meneer is een Randstedelijke provinciaal. Leeuwarden 2018 heeft laten zien dat je niet groter hoeft te zijn dan de naburige stad om toch iets moois en groots op poten te zetten. En laten we eerlijk zijn: Culturele Hoofdstad heeft toch echt wat meer te betekenen dan het Eurovisie songfestival.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.