Beswier tsjin de assimilaasje fan minderheidsfolken (bywurke)

augustus 12, 2019 15:35

Fragmint út ILO-ferdrach nûmer 169.

“It assimilaasjebelied is it slimste.” Dat seit Ulrich Delius, de direkteur fan de Gesellschaft für bedrohte Sprachen, in organisaasje dy’t opkomt foar talen dêr’t de ein fan wankt. Hy wiist op de faaie posysje fan it Sorbysk, de oarspronklike taal fan in grut part fan East-Dútslân, dy’t no noch inkele tsientûzenen sprekkers hat yn in lyts gebietsje tsjin de Tsjechyske grins oan. Delius docht syn útspraak op ‘e Dútske stjoerder Deutschlandfunk, yn it ramt fan ‘e dei fan ‘e lânseigen talen op 9 augustus.

Delius: “Faaie talen binne foar de minsken folle mear as in kommunikaasjemiddel. Foar harren is taal it wêzentlike fan harren kultuer en har identiteit. Har taal ûnderskiedt harren as groep fan oare minsken, fan de mearderheidsbefolking. Troch de taal jouwe hja kennis troch. As men syn taal net mear hat, hoe kin men dy kennis dan noch oerdrage? Faaie talen binne meastentiids gjin kultueren dy’t miljoenen bibleteken en miljarden boeken ta harren foldwaan hawwe. By sokke sprekkers is sprektaal folle wichtiger.”

Delius seit dat it slimste fansels autoritêre rezjyms binne, dy’t talen ferbiede, mar dat der likegoed in gefaar bestiet as sprekkers alle dagen wer hearre dat se de mearderheidstaal nedich binne om foarút te buorkjen, dat se der goed oan dogge en jou harren taal oer. In grutte bedriging is it stuit dat der te min learaars binne, seit er. By de Sorben is learaarskrapte op it heden in grut probleem, krekt lykas by de sprekkers fan de Skotske taal Gaelic. As bern de taal thús net leare en op skoalle ek net, dan is er wei.

Neffens Delius is it in taak fan de oerheid om faaie talen te stypjen, bygelyks mei ynternettapassings, sadat dy talen en de kultueren dy’t dermei ferbûn binne, trochjûn wurde kinne. “Is it eins bûten alle roai dat in ryk lân lykas uzes sa’n probleem hat, dat der te min learaars binne en dat der te min mooglikheden binne om de taal troch te jaan. De Sorben hawwe dêr gâns noed oer en bringe it probleem hieltiten wer op it aljemint yn gearkomsten mei it dielsteatregear fan Brandenburch.” Neffens Delius moat de Dútske sintrale oerheid him ek sterker meitsje foar it behâld fan de lytse talen yn it lân. Hy wiist derop dat Dútslân ferdrach nûmer 169 fan de ynternasjonale arbeidsorganisaasje ILO net ratifisearre hat. Lannen dy’t dat ferdrach ratifisearre hawwe, sizze ta dat hja gjin belied fiere sille dat rjochte is op de assimilaasje fan lânseigen minderheden. Neffens Delius moat Dútslân dat ferdrach ek ratifisearje. De Nederlânske oerheid hat dat yn 1998 al dien.

Neffens it ferdrach hawwe folken it rjocht om harren gewoanten, rjochtsstelsels en taal  te behâlden. Alle bern fan sa’n folk moatte, as dat mooglik is, it lêzen en skriuwen yn de eigen taal op skoalle leare kinne. Nijsgjirrich is dat der ek yn stiet dat rjochters rekken hâlde moatte mei de kultuer fan sokke folken en dat wetsoertrêders by foarkar in oare straf krije moatte as finzenisstraf.

De tekst fan ILO-ferdrach nûmer 169 is hjir te finen: link.

UPDATE 20.00 oere: op Twitter joech Frank de Boer de ûndersteande taljochting. De hâlding fan de Nederlânske oerheid is net posityf en liket ek stridich mei de tekst ” Het gevoel inheems te zijn of te behoren tot een stam dient te worden aangemerkt als fundamenteel criterium om te bepalen op welke groepen de bepalingen van dit Verdrag van toepassing zijn.”

augustus 12, 2019 15:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.