Sonken skatten yn Prinsessehôf te sjen

augustus 5, 2019 15:35

foto Maarten van der Wal

Fan 7 septimber 2019 ôf is yn it Keramykmuseum Prinsessehôf yn Ljouwert de eksposysje Gezonken Schatten: geheimen van de Maritieme Zijderoute te sjen. Dy giet oer keramyk en oare foarwerpen út acht skipswrakken út de njoggende oant en mei de njoggentjinde iuw. Hûnderten brûklienen wurde nei Ljouwert ta helle lykas út Korea en Singapore. De fynsten fertelle fassinearjende ferhalen oer de Maritime Siderûte yn Azië. Dêr giet in ferburgen wrâld fan ynternasjonale hannel en útwikseling mei iepen.

Iuwenlang fearen skippen dy’t piper, side en porslein sochten út alle wynrjochtingen wei de Maritime Siderûte. As se fergiene, leine se soms hûnderten jierren as tiidkapsule op de seeboaiem. Keramyk fergiet net, dat troch de fynst dêrfan leveret dat in skat oan ynformaasje op.

Changsha kommen fan it Tang-skip. Foto: Michael Flecker

Pioniers
Mei harren sierlike skippen wisten de Arabieren as earsten lange ôfstannen op iepen see te oerbrêgjen. De ûntdekking fan it Tang-skip fan om 830 hinne is dêr it earste konkrete bewiis fan. Yn Sina sloech de bemanning stienguod en porslein yn, mar dy prachtige potten, kommen, spegels en skûtels kamen nea yn it Midden-Easten oan: de kapitein makke op de weromreis in omwei en rûn fêst op riffen. It skip sonk en bleau oant 1998 op de boaiem fan de Javasee lizzen.

Skat efter de skat
Oant ûngefear de tolfde iuw wiene it meastal bûtenlânske skippen dy’t keramyk en oar guod út de Sineeske havens wei hellen. Doe’t it kompas en bettere skippen harren yntree diene, waarden de Sinezen ek aktiver op see. In Sineesk skip dat yn 1323 op ’e hichte fan Sinan sonk, hie eksklusive seladon oan board dat bedoeld wie foar de rike Japanske elite, en wijreekbranders en bylden foar Japanske timpels. Dat die bliken út de opskriften fan de houten etiketten dy’t tusken de negoasje fûn waarden. Oare belangrike ynformaasje waard dêr ek op beskreaun lykas wêr’t it makke wie, út hokker haven it komt kaam en hoefolle oft derfan wie. Sa’n fynst jout archeologen weardefolle ynformaasje oer de ûntwikkeling fan Sineesk keramyk en Japan yn de 14de iuw.

14 desimber 1600: fatale moeting San Diego (Spanje) en Mauritius (Ned.). Kolleksje Ryksmuseum

Wrâldhannel
Om 1500 hinne wisten de Spanjerts en Portugezen de rûte nei Azië mei sukses te befarren. Dêrmei kaam de wei foar hannel út Europa wei iepen. Doe’t de Nederlanners en Britten dêr ek gebrûk fan makken, ûntstie der fikse konkurrinsje. De Nederlânske Olivier van Noort hie yn 1600 frij baan doe’t er hearde dat der yn de Filipinen ôfladen skippen leine. Yn ’e hoop dat er in aardige buit feroverje koe, foel er de San Diego oan. It Spaanske skip sonk, trochdat it te swier beladen wie mei kanonnen, munysje en proviand. By it opgraven die bliken dat de San Diego fol lei mei produkten fan oer de hiele wrâld. Dêr wie ek in soad kreakporslein by. Trettjin jier letter sonk it Nederlânske VOC-skip Witte Leeuw nei in oanfal op twa Portugeeske skippen. Doe koste it de habbige Nederlanners de kop: de krûdkeamer ûntplofte en wat oan hannel fergearre wie sonk. In grut ferlies foar de VOC.

Skatgravers
Mei it each op de kostbere lading binne kommersjele dûkbedriuwen sljocht op skipswrakken. Dat wie lang de driuw om in skip te bergjen. Yn de tachtiger jierren smiet in feiling fan keramyk út de wrakken fan it Aziatyske Hatcher-skip en it VOC-skip Geldermalsen miljoenen op. Ynformaasje oer de skippen en bemanning gie by it bergjen foar it grutste part ferlern. In rekonstruksje fan it ferline is dêrtroch net mear mooglik. Dy feiling wie oanlieding om de wetjouwing oan te skerpjen en de ûnderwetterarcheology yn Nederlân te profesjonalisearjen. Maritym archeolooch Martijn Manders yllustrearret it belang fan it mei soarch útfieren dêrfan oan ’e hân fan de resinte opgraving fan VOC-skip Rooswijk foar de kust fan Ingelân.

 

Kommen fan de Tek Sing,Sina, Fujian, om 1822 hinne. Brûklien Anton van der Weide. Foto: Erik en Petra Hesmerg

Smokkel
Gezonken Schatten fertelt ek it tragyske ferhaal fan de Tek Sing. Doe’t dat skip yn 1822 op de rotsen sloech, giene 360.000 stik porslein en hûnderten minskelibbens ferlern. Op it dek fan it skip sieten mear as 1600 ymmigranten dy’t yllegaal út Sina tochten te flechtsjen. Hoewol’t de Sineeske hannel it goed die, stie it keizerryk der hieltyd minder foar, dat in soad Sinezen sochten harren heil earne oars. Behalven in protte porslein waarden ek potten mei opiumresten fûn. Dat middel waard troch de Britten nei it easten smokkele, mei massaferslaving en maatskiplik ferfal fan gefolgen.

Brûklienen
Foar de eksposysje wurde hûnderten brûklienen út bûtenlânske musea nei Ljouwert ta helle. De eigen kolleksje wurdt oanfolle mei bysûndere stikken út ûnder oare it National Museum of Korea yn Seoul, it Asian Civilizations Museum yn Singapore, Musée Guimet yn Parys, it Ryksmuseum yn Amsterdam en de kolleksje fan Anton van der Weide. It Prinsessehôf wurket ek nau gear mei de Rykstsjinst foar it Kultureel Erfskip. Studio Louter en Opera Amsterdam binne ferantwurdlik foar it ûntwerp fan de eksposysje.

Publikaasje
Yn in twatalige publikaasje steane de ferhalen fan de skipswrakken. Oan ’e hân fan de opdûkte fynsten wurdt de rike handelsskiednis bylâns de Maritime Siderûte sketst. De ûntwikkeling fan de maritime archeology yn Azië en Nederlân wurdt der ek yn beljochte. De katalogus stiet ûnder redaksje fan konservator Karin Gaillard en alderhande saakkundigen hawwe bydragen levere. Erik en Petra Hesmerg hawwe de fotografy fersoarge. It boek wurdt útjûn troch Waanders en kostet € 24,95.

 

augustus 5, 2019 15:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.