Snitswikemerke: favorite attraksjes op werhelling

augustus 7, 2019 09:48

“Alderwetsk aardich en gesellich, mei genôch oanbod foar alle leeftiden”, neffens de publykssjuery oer de Snitswikemerke. “Kompakt, goede útstrieling en topattraksjes.”

Foto: Jan Douwe Gorter

Tiisdeitemiddei rikte wethâlder Mark de Man fan Súdwest-Fryslân de prizen út oan de eigners fan de attraksjes dy’t by de sjuery, besteande út deskundigen en trochsneed merkeleafhawwers, it meast yn ’e smaak foelen.

Yn ’e kategory ‘grutferdivedaasje’ wûn – krekt as ferline jier – ‘Around the World’ fan Johannes Dauphin út Apeldoarn. De attraksje is mei sechtich meter ien fan de twa grutte blikfangers. “Wat in hichte”, “Prachtich dat men sa lang boppe bliuwt” en “Benammen jûns in moaie ûnderfining”, tekene de sjuery op. De oare grutte attraksje foar minsken sûnder hichtefrees – Booster Maxxx – docht it ek tige goed yn Snits en waard dit jier twad.

‘Salto trampoline’ fan de fennoatskip Klaas en Peggy Verwijk-Van Hout út Amsterdam wûn yn ’e kategory ‘berneferdivedaasje’. ‘Favoryt by in protte bern”, seit it sjueryrapport. “Freonlik en behelpsum personiel.” De ‘nostalgyske draaimûne mei oargel’ skoarde ek goed. “Mei gewoan net ûntbrekke. Foel tweintich jier lyn by bern yn ’e smaak, en no noch hieltyd.”

By de ‘spul- en goksaken’ wie it lestiger om te kiezen. De top trije (mei ûnder oare ‘Glück Prinz-ferlotting’ en ‘Skeeball’) wiene oaninoar weage, mar de oarkonde en de blommen wiene ek diskear, krekt as ferline jier, foar ‘Pusher’ fan Arnold Bruggink út Grins. “It is en bliuwt in moai gokspul. Grutte winkâns, aardige pryskes, genôch kasten om op te spyljen”, notearre de sjuery.

Yn de kategory ‘konsumpsjesaken’ wûn ek in âlde bekende: de pofferkessalon fan Angelique Korenblik út Eefde, dy’t ek yn 2017 en 2018 de measte punten helle. “De salon hat net allinnich in hiele smûke útstrieling, de betsjinning is der ek freonlik en fluch, en it iten is poerbêst.”

De merke op it Martinyplein en it Ald Tsjerkhôf draait noch oant en mei tongersdei. Woansdei is der tusken 11 en 13 oere de ‘prikelearme merke’, ornearre foar minsken mei bygelyks autisme, epilepsy, in lichaamlike en/óf geastlike beheining. Der binne dan gjin smook en ljocht(flitsen) te sjen en de muzyk stiet sêft. Woansdeitemiddei komt clown Dessalles op besite, en kinne bern sminkt wurde troch Diana’s Schminkpaleis.

 

Jan Douwe Gorter

augustus 7, 2019 09:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.