Skûtsjesilen moat gjin ‘schuitjezeilen’ wurde

augustus 13, 2019 08:53

Kollum

De Provinsje wol dat oer fjouwer jier mear Frysk brûkt wurdt. ‘It gebrûk fan it Frysk is sichtber en mjitber omheech gien’, is ien fan de doelen yn it nije bestjoersakkoart. Dat ferget in aktivere opstelling. Dêr falt op dit stuit noch net folle fan te merken. Krekt oarsom. No’t yn in pear gefallen it brûken fan it Frysk wer ta diskusje stie, is it op it Provinsjehûs alderheislikste stil. Sa wurdt it dus neat.

Lit my mar tichteby by hûs begjinne. Radio Spannenburch docht alle war om de lokale omrop foar de hiele gemeente De Fryske Marren te wêzen. Dêrom waarden fan ’t jier yn gearwurking mei âld-meiwurkers fan Oskar Radio programma’s oer de ballonfeesten makke. Ik ha begrepen dat yn de tarieding de taal ûnderwerp fan petear waard. De measte fan dy âld-meiwurkers fûnen dat it allegearre yn ’t Nederlânsk moast. Oars soene de toeristen der neat fan begripe. It Frysk brûke, dat soe net fatsoenlik wêze mei safolle besikers fan om utens. Fan ’e oare kant waard sein dat de ballonfeesten fansels wol op ’e Jouwer holden wurde en dat dêr ornaris aardich wat Frysk praat wurdt en dat dat ús memmetaal is. It soe dêrom hielendal net nuver wêze as yn guon programma’s ek Frysk praat wurde soe. It hat alle kâns dat dy besikers fan om utens soks ek noch wol aardich fine soene. Dêr komt by dat we gewoan it rjocht ha om ús memmetaal te brûken. Wa’t dat ûnfatsoenlik fynt, hat der net folle fan begrepen. Hawar, de Provinsje wol dus dat it Frysk mear brûkt wurdt. Wêrom hear ik dan no net fan dy kant dat beide talen brûkt wurde moatte. Ik ûnderstel mar dat se gjin weet hân ha fan dy diskusje.

Dat jildt fansels net as it giet om dy frou yn de Lidl yn Dokkum, dy’t it Frysk dat der praat waard net sa gau folgje koe. De frou hie ha wollen dat de meiwurker wat stadiger prate soe. Der is neffens my net in Fries dy’t dat net dwaan wolle soe. Likegoed komt dat ferhaal op it haadkantoar terjochte. In meiwurker biedt dêrwei ekskuzen oan. De winkel yn Dokkum kriget grif te hearren dat se dêr better mar net Frysk prate kinne. Wy witte it net, mar it hat alle kâns dat dy saneamde melding nei alle winkels yn de provinsje giet. Dat soe likegoed nuver wêze, want wy ha ommers allegearre it rjocht om Frysk te praten. Dat wol de Provinsje, lykas earder sein, ek stypje. Dat wêrom hear ik no neat fan dy kant. Dat ferhaal ha se grif wol meikrige.

Dy skûtsjeskippers, dat wiene Friezen, dy praten Frysk. Ik fyn it moai om te sjen dat de SKS fêsthâldt oan dy tradysje fan Fryske skûtsjeskippers.

It kin noch helte slimmer. Sjoch mar nei it skûtsjesilen. Omrop Fryslân makket dêr moaie útstjoeringen oer, yn wurd en byld. Ik genietsje fan de bylden en de petearen. Dat it Frysk de boppetoan hat, fernuveret my net. It skûtsjesilen is in Fryske tradysje. Skippers dy’t har brea fertsjinnen mei it farren fan turf, modder en stront leine winterdeis ornaris fêst yn it iis. Dan wiene de skippers koartebaanriders om sa wat by te fertsjinjen. Dy skûtsjeskippers, dat wiene Friezen, dy praten Frysk. Ik fyn it moai om te sjen dat de SKS fêsthâldt oan dy tradysje fan Fryske skûtsjeskippers. De hjoeddeiske skippers moatte út dy skippersfamyljes komme. Dy skippers soene om my net allinne sile, mar ek reedride kinne moatte en fansels Frysk prate! Dat lêste hear ik net folle oer. Dat liket ek net in grut probleem.

Der kin lykwols samar wat feroarje. Sûnt in pear jier ha we by Omrop MAX op de Hollânske telefyzje it ‘Skûtsjejournaal’. Dat fine we moai, want wy binne grutsk op ús tradysjes en wy wolle oaren dêr graach fan meigenietsje litte. Mar minsken noch oan ta wat is dat sjoernaal in ôfdijer! Yn dat hiele programma is net in Fryskpratende skipper te bekennen. Hoe is it mooglik! Ik begryp it efkes net. Dan wurdt it my dúdlik. De bylden dy’t brûkt wurde, dat binne deselde as dy fan Omrop Fryslân. De ferhalen binne ek hast gelyk. Der is lykwols ien grut ferskil. Op Omrop Fryslân hear ik in Frysk ferhaal en Fryske petearen mei wat Hollânsk der tuskentroch. Yn dat ‘Skûtsjejournaal’ fan Omrop MAX hear ik hast itselde, mar yn it Hollânsk dus, sûnder Frysk der tuskentroch. De earste kear wie ik ferbjustere. Hoe kin dat no? Prate dy lju allegearre Hollânsk? Mar deselden hear ik op Omrop Fryslân gewoan Frysk praten. Dan ha ’k it wol begrepen. De redaksje moat it near op it praten fan it Frysk lein ha. Wolle jo oanskowe, goed, mar dan wol yn it Hollânsk. Dat fyn ik no ûnfatsoenlik. Lit de minsken prate wat se wolle en ûndertitelje dat mar.

Dat it near op it Fryskpraten lein wurdt, hat noch oare gefolgen. It petear bliuwt stykjen yn in fraach-en-antwurdspultsje. Nei in skoftke harkjen krij ik kromme teannen fan de stive antwurden. Ik hear by guon eins hast it Frysk troch it Hollânsk hinne. Hawar, nimmen kriget oanstriid om spontaanwei yn de eigen Fryske taal fierder te praten. Dat is der grif goed yndruid. Yn dy hiele útstjoering komt mar ien Frysk wurd foar en dat is: skûtsjesile. No ja, meitsje dêr dan mar ‘schuitjezeilen’ fan. Dat se de Fryske taal net brûke, hat fan gefolgen, dat der folslein gjin spontaniteit yn dy útstjoeringen sit. De Hollânske tegeltsjewiisheden dogge it ek net, hoe soe ’t ek oars. Yn Hollân krije se der sa gjin begryp fan hoe’t it mei ús skûtsjesilen om en ta giet. Omrop Fryslân docht it folle better. Hâlde sa. Opnij freegje ik my ôf wêrom’t ik net fan de kant fan de Provinsje hear, dat beide talen brûkt wurde kinne moatte. Ik fyn it ek nuver dat skippers en oaren dy’t gewoan Frysk prate har foar it skûtsjejournaal ferbrekke. Doch dat net. Ferkwânselje dy moaie tradysje fan it skûtsjesilen net.

Foto’s: Aant Mulder
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 10 augustus yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
augustus 13, 2019 08:53
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 augustus 14, 21:52

    Moaie kollum. Jo hawwe de bolle by de sturt! 😉

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.