Skotske rjochter wol Johnson noch net ferbiede om it parlemint mei fakânsje te stjoeren

augustus 30, 2019 21:59

Boris Johnson (foto: Britsk ministearje fan útlânske saken en mienebêstrelaasjes)

Yn it Feriene Keninkryk binne lûde protesten te hearren tsjin it fersyk dat minister-presidint Boris Johson oan ‘e keninginne dien hat om it parlemint tydlik mei fakânsje te stjoeren. Troch de maatregel wurdt it foar it parlemint tige dreech om noch ynfloed út te oefenjen op ‘e wize hoe’t it regear de brútstap trochset.

In groep fan 75 abbekaten hat de saak yn Skotlân foar de rjochter brocht. Hja freegje it hof om Johnson de fakânsjemaatregel te ferbieden. De rjochter wol Johnson lykwols earst sels hearre. Hy moat him meikoarten foar de rjochter ferantwurdzje en oannimlik meitsje dat er it rjocht hat om de omstriden maatregel te nimmen.

Net allinne in Skotske rjochter sil him oer de saak bûge. Rjochters yn Londen en Belfast hawwe deselde fersiken krige. Nei alle gedachten moat Johnson uterlik nije wike freed foar ien fan ‘e rjochtbanken ferskine.

augustus 30, 2019 21:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.