Simone Djurrema: Heechseizoen

augustus 31, 2019 20:00

Kollum

It heechseizoen is hast wer oer. Ferline jier hiene we safolle besite en hierders fan april oant oktober dat we seine: dit jier mar wat minder. Mar wy hawwe dochs moannen lang minsken om ’e doar hân, en oft dat no om in inkeling of mear tagelyk giet, makket eins net safolle út. It is altyd de kombinaasje fan dat ik it sa geweldich fyn dat se komme en dat wy sjen litte kinne hoe moai oft we it hjir hawwe yn ús paradyske en dat de minsken in prachtige fakânsje hawwe, want dat hawwe se allegearre wol gelokkich. Mar je moatte wol je grinzen stelle, sizze kinne: “No efkes net!” It kin net altyd feest wêze, no?

Wy hiene alles ferhierd en doe soene der noch freonen komme mei triie fan harren bern. Doe hawwe wy de Deen frege. Dy wennet flak by ús en dy hat in lyts fakânsjehúske mei in noch lytser gasthúske mei trije sliepplakken deryn. In bytsje ‘back to basic’, mar dat soe him wol rêde. Allinnich yn alle drokte hie ik fergetten te sizzen dat der in húske by siet. En mei hûske bedoel ik yndied in bûten-wc mei in amer dêr’t nei ‘it boadskip’ spuonnen op goaid wurde moasten. Viggo lei my ek noch út wêr’t se in gat grave moasten om alles yn te bedobjen as de amer fol wie. Dat wie wol efkes nijs doe’t se oankamen, mar se hawwe it oerlibbe… En fierder foldie it bêst!

Us âlden jouwe wy eins nea mear kadootsjes op jierdeis en memme- of heitedei. Wy betinke wol wat aardichs om hjir te dwaan. Ferline jier hie ik in grutte Pontiac Bonneville cabrio oldtimer regele dêr’t ik mei de beide memmen en in freondinne de hiele dei yn omriden haw nei moaie plakjes ta. It wie ek nochris prachtich waar! Dat wie net maklik om te ferbetterjen dit jier fansels.

It is altiid in ferassing wat we dogge. Dit jier seine tafallich freonen fan ús heit en mem dat se nei Alaska soene. Hoe faak hawwe je it oer Alaska? Krekt, nea! Dat ik sei: “Ik nim jimme mei nei Alaska!” Wat in ûnsin, of net… Mar it wie wier, ik hie it al in pear wike yn ’e holle, wy soene werklik nei Alaska.

By de boat stie in boerd mei derop: “Hilma’s Alaska” en doe begriepen heit en mem it. Wy hawwe wol efkes lake en se stjoerden fansels foto’s nei harren freonen dat se noch earder yn Alaska west wiene as harren. It wie in prachtige tocht en in pear moaie oeren op in eilân flak by Strömstad. De Sweedske Hilma hie tritich jier op Alaska nei goud socht. Doe’t se dernei werom nei Sweden kaam, makke se sels allegearre bousels mei balstiennen en lei se blommetunen oan op in eilân dat se Alaska neamde. Eartiids wie der ek in hotel by, mar doe’t dat ôfbrânde mocht it fan de natuerbeskerming net wer opboud wurde. No wurdt it dreaun troch in pear dat net wol dat it ferlern giet en dy’t fan it yntreejild it ûnderhâld betelje. Spitich genôch kin ik jimme allinnich in link yn it Ingelsk jaan: https://www.vastsverige.com/en/stromstad/produkter/alaska/

Foto’s Simone Djurrema

Mei skoanmem giene we mei de rûnfeartboat oer it Dalsland Kanaal, dêr’t ferline jier op it 150-jierrich jubileum in Frysk skûtsje as earste troch de antike slûzen fear. Dat helle hjir de kranten en ik haw dat doe noch nei itnijs.frl stjoerd as in echte korrespondint! (https://www.itnijs.frl/2018/06/in-skutsje-yn-dalsland/) Wy giene toch 16 slûzen en it nivoferskil wie 33 meter. De boaten binne speciaal foar de tocht makke en hawwe yn ien fan de slûzen mar seis sintimeter oer! Trije sintimerer oan beide kanten! Underweis fan Håverud nei Bengtsfors oer it kanaal en de marren hawwe we lekkere rikke salm iten. De weromreis wie mei in âlderwetsk treintsje. Wy troffen it wer enoarm mei it waar, dat al mei al wie it wer in slagge dei! (https://www.storholmen.com/?lang=en) It oare jier mei skoanmem ek nei Alaska. Spitich dat it no gjin ferrassing mear is as se dizze kollum lêst…

14 septimber komme de lêste gasten. Dêrnei wurdt it wer rêstiger op ’e åker. Dan kinne we yn oktober moai nei Roemenië op besite by Ellen. Dy hat it al sa nei it sin. En wy krije der in hûn by. Mar dêr moat ik de oare kear mar oer fertelle.

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden. De foto’s binne fan harsels.
augustus 31, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.