Simone Djurrema: Ferneamd en it dak derôf

augustus 3, 2019 20:00

Kollum

Yn sa’n lyts plak as Mellerud is men samar ferneamd. Ik haw misskien al ris sein dat ik de krante al ferskate kearen helle hie, bygelyks mei it Holland Project en in kear op in merk, dêr’t ik tsien menuten ynfoel by de ferkeap fan streekprodukten. Krekt op dat stuit kaam de fotografe fan de krante fansels foarby.

Tiisdei sil ik mei trije keardels optrede yn it Dalsland Center. Sy spylje en sjonge, ik sjong allinnich, mear kin ik net. De Bealtles, Pink Floyd en elkenien in eigen ferske. Ik haw ek in eigen ferske! (https://soundcloud.com/scintillance/toxic-tongue) Wy hawwe it mar wat oanpast oan it publyk, want se sille wol net eardopkes meihawwe. De krante lei op ’e keukenstafel. Ik hie der sels noch net yn sjoen, mar ik seach op Facebook dat we der mei de ‘band’ yn stiene, dat ik dielde it fansels mei ien gong. Ien fan ús timmerlju sei dat we mar in ferneamde famylje binne en ik tocht dat dat op my sloech.

Letter op ’e dei krige ik in sms’ke fan in freondinne, dat se it stikje oer ús dochter sa moai fûn. Ellen? Yn ’e krante? Ik mar even oan it blêdzjen en ja hear: in hiele bledside mei allegearre foto’s en in hiel petear oer Ellen dy’t yn Roemenië oan projekten mei earme berntsjes meiwurket. Se hat ek holpen mei in museum yn Sighisoara oer Vlad Dracula, it werklike ferhaal. Want de measte musea en ferhalen geane oer wat it grutte publyk hearre wol en dat ferskilt nochal wat fan de werklikheid.

Ik moat mar even oan dy timmerman útlizze dat ik dat fan Ellen noch net wist, oars mei er wol miene dat ik mysels folle belangriker fyn as myn dochter, dy’t in jier fan har libben opofferet om dêr te wurkjen. Se betellet it allegearre sels fan har wurk yn it âldereintehûs!

Dy timmerlju hawwe we alle dagen om ’e tafel dizze wike. Mei dit prachtige waar lekker bûten ûnder de kersebeam. Want it dak is derôf, no ja, de pannen fan de grutte skuorre dan. It waard aardich minder en spitigernôch moatte we safolle dwaan oan it hûs en de bygebouwen dat we derfoar keazen hawwe om platen op it dak te lizzen yn stee fan pannen. Dat is folle foardieliger.

Doe’t de pannen derôf wiene seach ik dat der hiele tinne houten plankjes ûnder lizze. Ik tocht dat dat in âlderwetske manier wie foar ûnder de pannen, mar it hawwe eartiids de pannen west! Takspån hjit dat hjir. It wurdt no net folle mear dien, allinnich op monumintale gebouwen bygelyks. Understeande link is yn it Sweedsk, want de Nederlânske Wikipedia-pagina giet oer de Nederlânske soarte, dy’t der net hielendal gelyk útsjocht. Troch by de Sweedske ferzje op Google translate te klikken, is it Sweedske ferhaal yn it Nederlânsk te lêzen. (https://sv.wikipedia.org/wiki/Sp%C3%A5n_(byggmaterial))

Mar it spul stiet dus yn ’e stegers. Twa Sweden, in Yslanner en in Afgaan, en sels Hindrik stiet op it dak! Dat mei ek wol yn ’e krante, want hy stiet derom bekend dat er leaver op ’e grûn bliuwt, of derûnder. Syn wurk is gewoanwei befluorjen en graven. Skoanmem is der en dy hat it net mear: har jonge op it dak! Mar hoopje dat it gau klear is, dan kin mem ek wer rêstich sykhelje.

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden. De foto’s binne fan harsels.

 

augustus 3, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.