Simmerjûnkolleezjes oer fonteinen en rare Friezen

augustus 19, 2019 06:36

Anne Popkema

Yn de eardere universiteit fan Frjentsjer wurde ein augustus twa saneamde Simmerjûnkolleezjes hâlden. Se wurde jûn troch Anna Tilroe en troch Rolf Bremmer en Anne Popkema.

Frou Tilroe is perfester keunst en kultuer oan ‘e Redbaduniversiteit te Nimwegen. Hja wie boppedat lieder fan it fonteineprojekt yn de Fryske alve stêden yn 2018. Elke stêd krige doe in opfallende fontein. Hja fertelt hoe’t se op it idee kommen is en wat Fryslân tenei oan de fonteinen hawwe kin. De lêzing fan frou Tilroe is op 21 augustus.

In wike letter, op 28 augustus, binne Bremmer en Popkema op ‘e tekst. Bremmer is perfester mjirkes Ingelsk en Frysk yn Leien. Popkema is dosint Aldfrysk oan de Ryksuniversiteit Grins. De titel fan harren kolleezje is ‘Rare jonges, dy Friezen’. Se fertelle hoe’t oare folken yn ‘e rin fan ‘e skiednis tsjin de Friezen oansjoen hawwe. Dat wie net altyd hiel posityf.

Beide kolleezjes begjinne om 20.30 oere en duorje likernôch in oere. It plak is de kolleezjeseal fan de âlde Frjentsjerter universiteit oan ‘e Breedeplaats 1 yn Frjentsjer. De tagong kostet foar elk kolleezje 7,00 euro. Kaartsjes binne in healoere foar it begjin fan de lêzing te keap by kafee De Doelen oan ‘e Breedeplaats 6. Men kin se ek yn it foar bestelle troch in mail te stjoeren nei info@academiefraneker.nl.

augustus 19, 2019 06:36
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Luminoso augustus 19, 23:24

    Nijsgjirrich! Ik bin ek benijd oft Popkema syn kursus Aldfrysk yn Oxford in súkses wie. Kin er dêr net in stikje oer skriuwe?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.