Seksbus komt ek by Afûk yn Ljouwert

augustus 18, 2019 16:00

Foto: pixabay.com

It heart spannend en foar in protte besikers fan de Afûk-boekwinkel yn Ljouwert is dat it grif ek wol, mar men moat ek wer net tinke dat it hiel raar om en ta giet yn de “seksbus” dy’t Nederlânske studintestêden oandocht. De bus komt ek op ‘e yntroduksjedagen foar nije studinten yn Ljouwert en Grins.

Mei porno hat de bus neat te krijen. De bus is in inisjatyf fan de Rutgers Stichting, dy’t seksuele foarljochting jout. Neffens de stifting hawwe benammen studinten dêr ferlet fan, om’t hja kâns meitsje om swier te wurden of in geslachtssykte te skypjen. Studinten joetse nammentlik faker as oare minsken yn Nederlân mar ien kear mei in persoan en hja brûke dêrby faak gjin kondoom. Mar fjirtich persint fan ‘e manlju docht dat. De bus hat nije studinten as wichtichste doelgroep, omdat mei it begjin fan ‘e stúdzje ek gauris in oar seksueel libben begjint.

Besikers fan de bus kinne benammen ynformaasje krije oer ferskate hoedmiddels, de feiligens derfan en de priis.

De bus is op 12 augustus yn Grins mei syn reis begûn. Op 26 augustus stiet er fan 13.30 ôf foar it gebou fan ‘e Afûk, oan ‘e Bûterhoeke yn Ljouwert. It reisskema stiet hjirûnder. Mear ynformaasje is te finen op it webstee fan de Rutgers Stichting.

 

augustus 18, 2019 16:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.