Searje oer de tweintiger en tritiger jierren

augustus 22, 2019 09:17

Nei súksesfolle searjes as De IJzeren Eeuw, 80 Jaar Oorlog en De (H)eerlijke Jaren 50 komt de NTR mei in nije seisdielige skiednissearje. Oer it turbulinte libben yn de tweintiger jierren en de tanimmende eangst foar ûntspoaring yn de tritiger jierren. Hans Goedkoop presintearret de searje út it ymposante fan Radio Kootwijk, symboal foar de technyk en moderne arsjitektuer yn de tweintiger jierren.

Foto: NTR

Nei de Earste Wrâldoarloch modernisearret Nederlân yn rap tempo. It is in tiid fol nije technyk – bioskoop, radio, auto, fleantúch – en fol fan ferheven idealen, emansipearjende froulju, nije wenwiken en jazzmuzyk.

Filmpioniers yn Venlo
De tanimmende wolfeart bringt swing en optimisme. Sa is yn de earste ôflevering (30 augustus) te sjen hoe’t Limburgers tanksij filmpioniers yn Venlo yn ’e kunde komme mei it fenomeen film. Yn Amsterdam wurdt Tuschinski boud, en fernijende muzyk en dûns soargje foar opwining én kommoasje.

Rigen by it begjin tweintiger jierren oprjochte Tuschinski (foto: NTR)

100-plussers
Fraachpetearen mei eachtsjûgen dy’t yn 1919 of earder berne binne, foarmje in bysûnder elemint yn de ôfleveringen. De 100-plussers sketse harren ferwûndering oer de earste auto dy’t se seagen of de komst fan elektrisiteit. Mar se fertelle bygelyks ek oer de ‘lustopwekkende’ bioskoopfilms, de koekjes fan de ‘Pindasinezen’ en de skrinende earmoed yn de krisis fan de tritiger jierren. Nei de ôfleveringen op NPO 2 fertoant NPO Ekstra aparte portretsjes fan seis bysûndere 100-plussers dêr’t se yn fertelle oer harren jeugd yn de tweintiger en tritiger jierren.

Dêrneist in histoaryske komeedzje op NPO Zapp
By dizze dokumintêresearje makket de NTR wer in histoaryske komeedzje, skreaun en regisearre troch Niek Barendsen en presintearre troch Dorine Goudsmit (Plien van Bennekom). Yn Welkom in de jaren 20 en 30 komme promininte figueren út it ynterbellum ta libben. Fan snein 8 septimber ôf alle wiken te sjen om 17.50 oere op NPO Zapp.

Utstjoering dokumintêresearje Een bezeten wereld; Nederland tussen de oorlogen: fan freed 30 augustus ôf, 21.05 oere, NPO 2 (seis ôfleveringen).

augustus 22, 2019 09:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.