Saaie SKS-silerij yn ûnlijich waar by Terherne (fotoferslach)
Resint ferskynd
TERHERNE- Omreden fan buien mei foarseine tonger (dy’t lykwols weibleau) sette de SKS-silerij juster oardel oere letter útein as wenst. It Hearrenfean kaam poerbêst út de start op de wylde weagen.
Grou besocht ferwoeden It Hearrenfean yn te heljen, mar bleau de hiele wedstriid twadde. Dêrmei hat Douwe Visser klassemintslieder De Lemmer lykwols foarearst al ûnttroane, al is de útslach noch foarriedich.
Skipper Albert Visser fan De Lemmer moast nammentlik it grutste part fan de skûtsjes foargean litte, nei foarrangsdisputen mei Ljouwert, Drachten en Akkrum. Dy mei Ljouwert makke in ekstra rûntsje om in tonne needsaaklik, Drachten bekende skuld, mar de kwestje mei Akkrum is noch net útiten.
It kerbûstige waar, wynkrêft 5 mei pûsters fan krêft 6 en 7, wie It Hearrenfean wol treast. Skipper Sytze Brouwer sylde ûnbedrige nei de einstreek.
De efterfolgers koene net genôch út de wei sette en de folchoarder fan de skûtsjes bleau hieltyd suver itselde, sadat it foar it ferreinde publyk in frijwat saaie wedstriid waard.
Efter It Hearrenfean en Grou sylden sadwaande Earnewâld, Huzum, De Jouwer, Ljouwert en Snits efterinoar nei en oer de miet.
© Foto’s It Nijs
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje