Rûnliedings en lêzing Jaap Min yn Museum Belvédère

augustus 2, 2019 09:05 Fernijd

Yn de útstallingsperioade fan Jaap Min – wat him skilderet tusken polder en dún, wurde spesjale rûnliedings jûn troch Doeke Sijens, de biograaf fan de skilder. Hy skreau in wiidweidige tekst foar de katalogus en ferdjippe him yn it libben en wurk fan de keunstner. Yn septimber sil er ek in lêzing fersoargje.

Wurk fan Jaap Min (ôfbylding: Museum Belvédère)

Rûnliedings 
De rûnliedings sette om 14.30 oere útein. De data binne: sneon 10 augustus, freed 23 augustus, sneon 7 septimber en snein 22 septimber. De kosten bedrage fjouwer euro de persoan, museumyntree net ynbegrepen.

Lêzing 
De lêzing wurde holden op tongersdei 12 septimber 2019 fan 19.30 oant 21.00 oere. De seal giet om 19.00 oere iepen. De kosten binne € 15,-, in kopke kofje of tee ynbegrepen. Freonen fan Museum Belvédère betelje € 12,50.

Op de jûn fan de lêzing jildt 10% koarting op de katalogus.

Oanmelde kin hjir.

 

 

augustus 2, 2019 09:05 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.