Ried hat soarch oer foarstellen nij learplan Frysk

augustus 14, 2019 11:55

De Ried fan de Fryske Beweging hat ferline wike reagearre op de foarriedige útstellen foar in nij nasjonaal learplan. Al mear as in jier wurdt troch skoallieders en leararen wurke oan foarstellen om de ynhâld fan it skoalprogramma te fernijen. Op 10 oktober sille de foarstellen oanbean wurde oan de minister fan basis- en fuortset ûnderwiis, mar earst koe elkenien oan begjin augustus ta noch reagearje op www.curriculum.nu.

Omdat it foech foar it fak Frysk sûnt 2014 by de provinsje Fryslân leit, is yn juny ferline jier in parallel projekt úteinset, dat www.kurrikulum.frl hjit. It idee wie dat der sa ôfstimd wurde kin tusken de Fryske en de Nederlânske foarstellen. Ommers, it belied fan de minister en dat fan de Provinsje sille úteinlik beide op de Fryske skoallen har gerak krije moatte. It is lykwols tige spitich dat it Fryske projekt al sûnt april stil leit omdat it ‘troch de Provinsje toetst wurdt oan Europeeske en nasjonale wet- en regeljouwing’, sa’t op de projektwebside skreaun wurdt.

De Ried hat noed dat troch dy fertraging de ôfstimming tusken it Frysk en it Nederlânsk der net komt. Fierder hat de Ried yn syn reaksje dúdlik makke dat binnen Fryslân rekken holden wurde moat mei in meartalige situaasje dêr’t de twa mienskipstalen in lykweardich plak yn fertsjinje op skoalle en dêr’t it Frysk ek de ynstruksjetaal by oare fakken yn wêze kin, njonken it Nederlânsk. Dy situaasje ferskilt gâns fan dy dêr’t de opstellers fan de nasjonale foarstellen foar it leargebiet Nederlânsk fan útgien binne.

Link:
De bydrage fan de Ried fan de Fryske Beweging oan de konsultaasje fan curriculum.nu:
https://consultatie.curriculum.nu/pdf/5b16bf4a4f528/42730/

augustus 14, 2019 11:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.