Protte frijwilligers foar opromjen strân

augustus 1, 2019 13:33

Oanspielde rommel by Peasens-Moddergat (foto: Richt Sterk)

Der helpe dit jier in protte frijwilligers by it opromjen fan ‘e Nederlânske strannen. Tongersdei is de jierlikse himmelderij úteinset mei sa’n tachtich minsken. Dat wie op Skiermûntseach. Yn wikseljende gearstallings geane de frijwilligers de strannen bydel. Op 15 augustus moat it klear wêze.

It himmeljen fan ‘e strannen wurdt organisearre troch de organisaasje Beach Cleanup Tour. Dit jier sil benammen plestik opromme wurde. Troch de ramp mei it skip MSC Zoe is der in soad keunststof yn ‘e natoer bedarre. Der spielt noch geregeld nij guod op ‘e Waadeilannen oan, ta frustraasje fan de polityk en de bewenners.

augustus 1, 2019 13:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.