Piter-Jan Postma Panskipper

augustus 3, 2019 10:09

Piter-Jan Postma út Terkaple is freedtejûn by gelegenheid fan de offisjele iepening fan de Snitswike beneamd ta Skipper yn de Oarder fan de Sneker Pan. Mei dy ûnderskieding docht de Keninklike Wettersportferiening Snits (KWS) alle jierren immen dy’t him fertsjinstlik makke hat foar de sylsport yn it algemien en foar de Snitswike yn it bysûnder eare oan.

“Hy is in grut ambassadeur fan de sylsport, de provinsje en de Keninklike Wettersportferiening Snits”, sei boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân oer de Panskipper. De earder gemeente Snits stelde de ûnderskieding yn 1954 yn. Sûnt 1966 heart dêr in koperen pankoekspanne by dêr’t it wapen fan Snits yn ferwurke is.

Postma (37) wie noch mar sân jier doe’t er al mei die oan de Snitswike. Dat wie yn in Optimist. Yn lettere jierren hat er yn alderhande nasjonale en ynternasjonale kampioenswedstriden meidien, mar de KWS bleau syn klup. Hichtepunten wiene de Europeeske titel yn de Finn yn 2016, it tredde plak op it WK yn datselde jier, en it meidwaan oan de Olympyske Spullen fan 2008 (Peking), 2012 (Londen) en 2016 (Rio de Janeiro). Yn Londen lei er op medaljekoers, mar troch malleur kaam er krekt net op it earepoadium. Njoggen kear wie er Nederlânsk kampioen; earst yn de Laser, letter yn de Finn.

“Hy hat in bysûndere bydrage oan it wedstriidsilen levere en is in foarbyld en ynspiraasjeboarne foar in protte jonge silers”, sei de boargemaster. “Hy is it bewiis dat mei besieling en trochsettingsfermogen fantastyske prestaasjes te beheljen binne. Mar hy is ek sosjaal. Hy hat each foar meisporters. Dat sjocht men yn de topsport ek wolris oars.”

“In hiele eare”, reagearre Postma, dy’t ferrast wie, sa te sjen. Op de boeier Catharina gie er foarop yn de floatoptocht troch de Snitser grêften, wylst er mei de pankoekspanne swaaide. Tiisdei fertelt er op it Starteilân oer syn driuwfearren en libben as ynternasjonaal topsiler.

De nije Panskipper Postma mei de koperen pankoekspanne. Njonken him syn suster Annegreet en boargemaster De Vries.

 

 

augustus 3, 2019 10:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.