Piet Keizer, de genialiteit fan in tipelsinnige linkspoat

augustus 3, 2019 09:03

Piet Keizer, in ûnneigeanbere skjirre, in mysterieuze blik. In firtuoaze linksbûten yn de sechstiger en santiger jierren fan de foarige iuw. Winner mei Ajax fan trije Europa Cups. Hy is yn it ferjittersboek rekke. De jongere generaasje ken him amper, wylst der ea diskusjes op telefyzje wiene wa’t better wie: Cruijff of Keizer. Hy wie ek hast nea mear op telefyzje te sjen. Dêr hie er gjin nocht oan. Hy wie wers fan heldeferearing.

Sjaak Swart besjocht bylden fan Piet Keizer (foto: NTR)

Goed twa jier lyn ferstoar Piet Keizer. Nei syn dea bleau de fuotbalwrâld efter mei ûnbeäntwurde fragen. Oer syn ûnsekerheid, syn tipelsinnichheid. Oer syn rûzje mei Johan Cruijff, dy’t yn it begjin fan syn karriêre idolaat fan him wie. Oer syn botsings mei syn trener Rinus Michels.

Andere Tijden Sport giet op snein 4 augustus, yn in ekstra lange útstjoering op NPO 1, oer Piet Keizer. Mei nij byld fan ûnder oaren Jan Mulder, Sjaak Swart, Klaas Nuninga en Willem van Hanegem.

augustus 3, 2019 09:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.