Oeigoeren ferkleie Sineeske oerheid

augustus 15, 2019 06:26 Fernijd

In grutte groep Oeigoeren hat by in Nederlânske rjochter in oanklacht yntsjinne tsjin de Sineeske oerheid. Neffens harren wurde de Oeigoeren yn Sina harsenspield en martele. De Oeigoeren binne in folk dat yn it noarden fan Sina wennet. Hja prate in eigen taal, it Oeigoersk, dy’t besibbe is oan it Turksk, en binne islamitysk.

Likernôch in miljoen Oeigoeren binne opsletten yn saneamde “bylearkampen”, dêr’t hja leare hoe’t hja “Sineesk” wêze moatte. Neffens de Oeigoeren yn Nederlân wurde hja twongen om harren kultuer oer te jaan. Oeigoeren dy’t net yn de kampen sitte, wurde neffens harren bespionearre.

Nederlân hat mei 21 oare lannen ferline jier in brief oan de Sineeske oerheid stjoerd mei it fersyk om op te hâlden mei de “bylearkampen”.

Yn Nederlân wenje likernôch 1500 Oeigoeren. Hja wurde neffens eigen sizzen lestichfallen troch de Sineeske oerheid. De NOS berjochtet fan in man dy’t fan Esa Sawut hjit en wurket by in organisaasje dy’t kontakten leit tusken it Oeigoerske wengebiet en Europa. Ien fan syn taken is it bekend meitsjen fan de Oeigoerske kultuer yn Nederlân. Sawut seit dat er belle is troch in Sineeske amtner dy’t easke dat er ophâlde mei syn wurk en dat er ynformaasje oer oare Oeigoeren yn Nederlân oan Sina trochjaan moast. Soe er dat net dwaan, dan soene fiif famyljeleden fan him yn Sina oppakt wurde.

augustus 15, 2019 06:26 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.