Nije ‘MB’ oer keunst en itensieden

augustus 5, 2019 09:18

De nije edysje fan it museumtydskrift MB ferskynt ta gelegenheid fan it fyftjinjierrige jubilieum fan Museum Belvédère. De feestlike útjefte stiet folslein yn it teken fan keunst en itensieden.

Foto: Museum Belvédère

Der is omtinken foar it legendaryske iel- en fiskrestaurant Op Hatsum yn Dronryp, dat troch Thom Mercuur en Jaap Wolters útbaat waard. Fierder yn it nûmer ûnder oare in wiidweidich artikel oer keunstnersitensiedersboeken en in fraachpetear mei Leen Kaldenberg, sawol kok as keunstner.

Mei in restaurantsêne troch Wim T. Schippers, gedichten fan Ischa Meijer, Ids Willemsma en Anne Feddema, knakwoarsten fan Jochem Hamstra en noch folle mear. Dizze MB telt fyftich siden, is ryk yllustrearre en kostet € 7,-. It tydskrift is te bestellen fia de webside fan Museum Belvédère.

augustus 5, 2019 09:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.