Neist de deadebetinking op 4 maaie ek in betinking foar Roma op 2 augustus?

augustus 13, 2019 20:57 Fernijd

Op 2 augustus 1944 waard it ‘Zigeunerlager’ yn Auschwitz troch de kamplieding ûntromme, neidat soks in pear moanne earder mislearre wie troch in grutte opstân fan de Roma dy’t dêr fêstholden waarden. Elkenien waard nei de gaskeamers brocht. De datum 2 augustus is dêrom yn 2015 troch it Europeesk Parlemint útroppen ta de Betinkingsdei fan de Romaholocaust, om sa jierliks stil te stean by de 500.000 fermoarde Roma en Sinty.

By de jierlikse betinking fan de massamoard yn Auschwitz hat de Nederlânske eurokommissaris Frans Timmermans alle EU-lidsteaten derta oproppen om fan 2 augustus in offisjele nasjonale betinkingsdei te meitsjen fan de grutte moard op de Roma en Sinty. Timmermans die syn oprop yn it bywêzen fan sa’n fyfjinhûndert Roma út hiele Europa.

augustus 13, 2019 20:57 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. RobMokum augustus 14, 11:40

    Wat in ûnsin. Yn Nederlân wenne noch gjin 5000 Sigeuners foar de 2e WK. Boppedat wurde se al betocht op 4 mei. Dat is mei sin al net iens mear foar allinich de slachtoffers fan dy kriich. Aanst moatte we de Joaden en homo’s ek noch op oare dagen betinken. Ien dei foar elkenien is dochs neat mis mei? Lit Timmermans him mar mei bestjoer dwaande hâlde, dat is syn wurk.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.