Moderne mobile telefoans dogge it net yn parten fan Grinslân en Drinte

augustus 19, 2019 14:00 Fernijd

Foto: Unsplash /

Tweintich jier lyn wie it neat bysûnders as jo mei jo mobile telefoan earne gjin berik hiene. Doe stiene der noch net safolle mêsten yn Europa om it telefoansinjaal troch te jaan. Yn de rin fan ‘e jierren ferdwûn dat probleem lykwols. No is it lykwols wer werom yn parten fan Noard-Nederlân. Dat komt troch de nije technyk.

Moderne bûstelefoans hawwe nammentlik in minder sterk sinjaal as âldere typen. Dêrtroch moat de ôfstân tusken de telefoan en in mêst lytser wêze as foarhinne. Yn guon streken yn Grinslân en Drinte hawwe nijere telefoans dan ek gjin berik. Berucht is it probleem yn de Grinslanner doarpen Termunten, Termuntersyl en Fiemel, en yn de Drintske bosken. Soms kriget men wol berik as men ta de hûs út rint, mei’t muorren it sinjaal ôfswakje. It kin dêr ek helpe om nei de boppeste ferdjipping fan in gebou ta gean. Ynternet útsette helpt soms ek. Soms wol it lykwols hielendal net. Dan hat men gjin oare kar as it keapjen fan in âlder type mobyltsje of it brûken fan in fêste telefoan.

In bykommend probleem yn it easten fan Grinslân en Drinte is dat dêr faak in Dútske mêst tichterby stiet as in Nederlânske. Men skillet dan fia it Dútske net. Ynternet wurket dan faak trager op ‘e telefoan en men moat om Nederlânske telefoanklanten te skiljen it nûmer begjinne litte mei 0031 of +31 (en de earste 0 fan it nûmer fuortlitte).

It liket der net op dat de situaasje hurd feroarje sil. Providers hawwe der net folle belang by en pleats nije mêsten yn tinbefolke streken. Boppedat ûntbrekke op guon plakken mêsten troch beswierren fan oerheden of omwenners.

augustus 19, 2019 14:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Grinsgonger augustus 21, 00:17

    Ik kin derfan meiprate. En yn East-Fryslân is it soms al like beroerd. Sjochst wol wer hokker regio’s oft wichtiger binne as oare!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.