Moast arrestaasje fan soan Amsterdamske boargemaster stilhâlden wurde? (bywurke)

augustus 14, 2019 01:25

Femke Halsema (foto: Richard Broekhuijzen / Wikipedia CC BY-SA 4.0)

De soan fan de Amsterdamske boargemaster Femke Halsema is mids july arrestearre op fertinking fan ynbrekkerij. Plysjes en meiwurkers fan it Iepenbier Ministearje sizze dat hja de opdracht krige hawwe om de arrestaasje stil te hâlden.

De fyftjinjierrige jonge waard op 14 july mei in kompaan nei in efterfolging troch de plysje oppakt, mei’t se fertocht waarden fan it ynbrekken yn in wenarke. De plysje hat in alaarmpistoal fûn dêr’t fan oannommen wurdt dat it fan it twatal is.

De arrestaasje is net allinne in persoanlik drama foar frou Halsema, mar leit polityk ek gefoelich. Earder dizze wike die hja de gemeenterie te witten dat de sjitterijen yn Amsterdam oer de hege skuon rinne en dat dêr mear oan dien wurde moat. De Amsterdamske gemeenterie wie tiisdei noch yn in ekstra gearkomste byinoar om te praten oer de fiif sjitterijen dy’t de ôfrûne wike de Nederlânske haadstêd opskrillen.

Tagelyk kaam Amsterdam yn it nijs omdat geweldsmisdriuwen dêr swierder bestraft wurde as yn de rest fan it lân en omdat stedswachten tenei net mear nachts hoege te wurkjen.

In wurdfierder fan frou Halsema seit dat hja der fuort by de plysje op oanstien hat dat har soan net oars behannele wurdt as oare fertochten. Ferskate plysjes en meiwurkers fan it Iepenbier Ministearje dogge lykwols yn De Telegraaf te witten dat hja net oer de saak prate mochten.

UPDATE 12.16 oere: frou Halsema hat yn in iepen brief reagearre op it nijs yn De Telegraaf. Hja skriuwt dat de wenarke ferlitten wie en dat de jonges brânblussers út de arke meinommen hiene en dy oan it leechspuitsjen wiene. Dat de saak yn it nijs komt, is neffens har net terjochte, om’t har soan dêrtroch in ekstra straf kriget. It brief is hjir te lêzen.

augustus 14, 2019 01:25
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Jitty augustus 14, 10:51

    Werom mat Halsema sparre wurde!
    Net oke wat barde ,dat mei elrsenien
    Witte.

  2. Wim Beckers augustus 14, 11:25

    Dat it Nijs.frl omtinken jout oan soksoarte prytpraat sil grif lizze oan de slappe tiid foar nijs te finen om wat dan ek mar oer te skriuwen. Taheakke wearde hat it nei myn betingst yn elk gefal net.

  3. Johannes Rozenga augustus 14, 13:33

    Komkommer nijs. En dêr is it wurd wer: “update”. Yn dizze Fryske skriuwer sit it wurd ek foar yn har/syn tinzen.

  4. Erwin2.0 augustus 15, 13:13

    Hienen de minsken hjirboppeek reagearre as Trump of Wilders sa yn it nijs komme soe?

  5. Abe augustus 15, 19:54

    Nuver dat Erwin -2.0 de fraach dy’t dêr noch foar leit net stelt. De fraach dy’t dêr foar leit is: soe ItNijs der ek in berjocht fan meitsje as der soks wie mei de soan fan Trump of Wilders? It is tige by tige dat minsken de lêste tiid fragen stelle by de populistysk-rjochtse aginda fan dit medium, in Frysk medium ûnweardich. Ik hoopje werklik dat dizze dochs wat sneue twadde- en treddehâns stimmingmakkerij yn ‘t neigean is. En ek in fraach: soe ItNijs net ris wat mear, ja, belangryk mear, omtinken jaan kinne oan Fryske kultuer/Frysktalige kultuer/kultuer yn Fryslân? Of dogge de kranten dêr al genôch oan, miene jim?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.