Mienskiplike strategy foar it Fryske leechfeanlânskip

augustus 30, 2019 07:45

De tastân fan it fean is nuodlik. Fean ferdwynt troch ferdrûging. Dêrtroch driget in bysûnder lânskip mei byhearrende âlde ferhalen en natuerwearden ferlern te gean.

Feangreidegebiet by Parregea (foto: Wikipedia/publyk domein)

Geregeld steane dêr berjochten oer yn ’e parse; fersakjende huzen en diken, noeden fan boeren, eksperiminten om it ferdrûgjen tsjin te gean ensafuorthinne. Dêrom hat It Fryske Gea yn ’e mande mei Peter de Ruyter in mienskiplik hannelingsperspektyf ‘Stean foar it fean!’ ûntwikkele. It Fryske Gea is mei goed 4.000 hektare oan feannatuer ommers in grutte spiler yn it feanlânskip. Yn ‘Stean foar it fean!’ wurdt in dreamsenario foar it jier 2100 sketst, wêrby’t feanboaiems beholden wurde en fierder ûntwikkele. Kennisûntwikkeling en gearwurking binne kaaiwurden by it realisearjen fan dat dreamsenario.

De kommende wiken wurdt dy fyzje op it fean lansearre. Yn it tydskrift fan It Fryske Gea stiet meikoarten in fraachpetear mei Peter de Ruyter. Op 4 septimber wurdt de stategy offisjeel presintearre.

augustus 30, 2019 07:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.