Melle Hynstebek

augustus 17, 2019 07:55

Ferhaal

De Kikenberch (© Jangerben)

Oan de noardkant fan de Tsjonger tusken de Kikenberch en it Skar wenne Melle Hynstebek. Hy hie syn bynamme te tankjen oan syn uterlik. Syn fûnkeljende swart-brune eagen mei lange teisters, in grutte krûme noas mei dêrûnder in gebit mei grutte wite tosken hie him de bynamme Hynstebek besoarge. Gjin flaainamme, mar it bynammejaande heidefolk wie faak rjocht foar de raap. Alhoewol’t de measte bern op harren âlden lykje, wie Melle as in natuerkundich riedsel te wrâld kommen. Yn syn wêzen skaaide er der ek hielendal út.

Hy wie in frjemd persoan en boppedat in earsten streuper. Dat wurk fertsjinne er trochstrings syn jild mei. Hy hie in grutte reputaasje wat dat oanbelange. Dêr wie er grutsk op. Hy die it al fan jongs ôf oan, mar hie ek al aardich learjild betelle nei de fjouwer prosessen dy’t er datoangeande oan de bokse krige hie. Nea mocht it wer barre dat Hermandad him te pakken krige. Altiten wist er te ûntkommen, op in manier dêr’t sels syn tsjinstanners bewûndering foar hiene. Hy hie in seisde sintúch as der gefaar drige. “It is krekt oft er it rûkt”, sei Sytse, de âlde boskwachter altiten.

As it op it lêst nypte yn de striid fan man tsjin man, en soms ynienen de oppasser te foarskyn sprong, dan kamen de Hynstebek syn oare eigenskippen nei foaren. As in hazze sette er it dan op in rinnen, dûkte troch it beamte en sprong oer wiken fan fiif meter breed.

Lykwols barde soks mar komselden. No hie âlde Sytse boskwachter, syn tsjinstanner, in romme opfetting: altiten earlik wêze, ek tsjin in streuper. Mar op in kear waard der in nije oppasser oansteld, in jongkeardel út Gelderlân. Dy hie yn de Achterhoek as bynamme ‘de skrik fan de streupers’. Doe’t er al rillegau hearde fan de rom dy’t fan de Hynstebek útgie, hie er mar wat spytgnyske, mar hy sei neat. Lykwols hie er wol troch dat syn namme makke wie as er dy tûke streuper te pakken krige. En binnen in wike hie er Melle te pakken, op papier dan en dat is foldwaande neffens de wet.

Melle hie strikken by in boskwâl lâns útset en gie op in iere moarn op ynspeksje. Mei in grutte bocht rûn er om de boskwâl dêr’t de strikken stiene en loerde ûnderwylst skerp om him hinne. Nei in skoftsje gie er efter tichte heidestrûken yn ’e hoksen sitten en hold sa de boskwâl foar him oer yn ’e gaten. Alles like rêstich, mar dochs wie der wat yn de loft dat de streuper net oanstie. De stilte wie net natuerlik. Oer de heide kamen in pear roeken oansilen, boppe de boskwâl swonken se stegerjend mei rêde wjukslach werom nei de heide. Dat doogde net. Melle kearde de boskwâl de rêch ta en gie mei lange trêden de heide wer op.

It Tsjongerkanaal (© Jangerben)

“Halt”, klonk it ynienen efter him en op itselde stuit kaam in man mei faasje de boskwâl út. Sûnder om te sjen sette Melle it op in draven. “Halt of ik schiet”, rôp de ferfolger. No moast Melle dochs wol efkes kypje. Dit wie net it lûd fan âlde Sytse. Mar de ôfstân wie lykwols te grut om te sjen wa’t it dan wol wie. Mar hy murk skoan dat dizze man hurder rûn as Sytse. Hy luts de hakken ek mar in bytsje oan en al gau waard de ôfstân grutter. Yn it streupersbrein wie in plan ûntstien: ûntkomme en mei de bút nei hûs. Hy rûn by de Tsjonger del rjocht op ien fan de wylgepôlen ôf. Dêr ferdwûn er yn; tusken de tûken troch seach er wêr’t de oppasser bleau. Dy kaam mei faasje oansetten. Súntsjes kaam Melle út syn beskûl en al efterút rinnende soarge er derfoar dat er út it sicht fan de oppasser bleau. Doe dûkte er wei efter de boskwâl dy’t de Tsjonger omseamet. De oppasser wie blykber it spoar bjuster. Neat wie der dat ferrette dat de man der noch wie. Efkes letter begûn Melle oan de weromreis, resolút gie er op de boskwâl ôf. Gau de strikken neisjen. Trije hazzen wie de bút en sa gie de streuper dochs noch foldien nei hûs.

In healoere letter stie de oppasser ek by de boskwâl. De streuper wie ûntkommen, mar de hazzen is er kwyt, tocht er en dêr treaste er himsels mar mei. Oer it resultaat dochs noch tefreden stapte er de boskwâl yn. Mar doe kaam er ta de ûntdekking dat de strikken en de hazzen fuort wiene. Poerlulk stampte er op de grûn en brûkte in pear Gelderske flokwurden. ‘Maar je bent er bij, paardenbek, hier zul je voor brommen’, tocht er.

Melle krige de oansizzing thús en oft er al sei dat er dy moarns thús west hie, it joech gjin byt. Tsjûgen foar in aliby hie er net. De smycht fan in oppasser sei dat er Melle betrape hie, stuts de beide fingers fan syn rjochterhân op en sei dat er de wierheid spruts en neat as de wierheid. Melle moast in healjier sitte.

Doe’t Melle wer thús wie, gie er al gau it fjild wer yn. Hy gie nei it hûs fan de boskwachter om te sjen oft dy thús wie. De hûn rûn op it hiem, dan soe de oppasser der ek wol wêze. Mar wer opstappe dus. Mar doe gie de doar iepen en kaam de frou mei in lyts famke nei bûten. It famke waard yn it boartersstek tild. Melle wachte noch efkes. De lytse faam protestearre en mei in gekryt dêr’t de hûn fan skrik fan omseach die se in raam tsjin de traaljes. Dy sieten blykber net goed fêst, want it stek tearde tsjin de grûn. Sa ynienen lei de wrâld mei al syn gefaren foar har. Se skarrele los oer it hiem, rjocht op de sleat ôf, op ’e kant bûgde se har foaroer en plompte sa yn it wetter. De hûn skrok en begûn te blaffen. Doe ynienen kaam der in foarse man oan draven, dwers troch de tún nei de sleat. Hy seach in lyts brobbeltsje nei boppen kommen, sprong der yn en taaste oer de boaiem. Hy hie it goed ynskat en luts it famke yn ien haal nei boppen. Troch it blaffen fan de hûn kaam de mem nei bûten rinnen en seach har famke yn de earms fan de streuper. Se stode op him ta en soe it bern út syn earms skuorre. Melle warde har kalm ôf, lei it famke op it gers en begûn de earmkes op en del te bewegen. Fuortdaliks sloech se de eachjes op en begûn alderheislikst te kriten. De mem krige it famke op de earms en skriemend fan blidens rûn se yn ’e hûs. Doe’t se omseach wie de streuper al wer ferdwûn, de bosk yn. De ûnsportive boskwachter ferfear al gau wer nei Gelderlân. Troch syn hâlden en dragen hie er it by in soad minsken foargoed bedoarn.

Dit ferhaal stie yn 1937 yn it moanneblêd It Heitelân. Neiferteld troch Jangerben Mulder.
augustus 17, 2019 07:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.